Abdij fan Saint-Pierre-sur-Dives
Abdij fan Saint-Pierre-sur-Dives
Abbaye de Saint-Pierre-sur-Dives | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Saint-Pierre-sur-Dives | |
adres | 3 Rue Saint-Benoît | |
koördinaten | 49° 01' N 0° 2201' W | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 11e iuw | |
opheffing | Frânske Revolúsje | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1067-17e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Histoarysk monumint | |
Webside | ||
Abdij op de side fan IMEC-archives | ||
Kaart | ||
De Abdij fan Saint-Pierre-sur-Dives (Frânsk: Abbaye de Saint-Pierre-sur-Dives) is in benediktynske abdij yn it Frânske plak Saint-Pierre-sur-Dives (Calvados). De abdij waard stifte yn 'e 11e iuw is ien fan de bêst bewarre kompleksen fan syn soarte yn Normandje.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdij wurdt somtiden ek Us Leaffrouwe fan Épinay (Notre-Dame de l'Épinay; yn it Latyn S. Petri supra Divum of B. Maria supra Divum) neamd. Yn Épinay, de earste namme fan it plak, bestie al in tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Piter. Dy tsjerke waard yn de tiid fan de ynfallen fan de Wytsings plondere.
De abdij waard stifte troch de grevinne Lesceline, de frou fan Willem I fan Eu, in healbroer fan hartoch Richard II fan Normandje. Hja boude de abdij foar nonnen, dy't yn 1046 nei Saint-Désir by Lisieux ferhûzen en ferfongen waarden troch muontsen. De earste abt wie Ainard. De grevinne ferstoar yn 1058 yn de abdij en waard yn de tsjerke begroeven, dêr't it grêf noch jimmeroan is.
Skiednis abdij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke waard op 1 maaie 1067 wijd yn bywêzichheid fan de nije kening fan Ingelân, Willem de Oermasterer, hartoch fan Normandje. Nei in brân yn 1006 waard de tsjerke wer opboud en tsjin it ein fan de earste helte fan de 12e iuw foltôge. Fan dy tsjerke bleau allinne de súdlike Sint-Michaeltoer (tour Saint-Michel) bewarre.
Mei't de abdij yn de 13e iuw grutter waard, bouden de muontsen yn Saint-Pierre-sur-Dives ek in grutte hal foar de merk. Hja krigen it regelmjittich oan de stok mei de hearen fan Tancarville, dy't mei harren merk yn Mézidon in grutte konkurrint fan de abdij wiene. Al yn 1191 hie de abdij ek it behear oer de merk fan Saint-Georges-en-Auge. In diel fan de opbringst mochten de muontsen foar harren krewearjen opstrike foar de abdij.
Yn de 16e iuw waard de brekfallige tsjerke foar in grut part op 'e nij boud. Yn dy tiid besiet de abdij in soad grûn en mûnen. Ek behearde de abdij tsienden en waard de abdij ryklik bedield mei skinkings fan lânbesitters en eallju út de regio. Yn 1562 folge de plondering fan de gebouwen troch de protestanten.
Under abt Georges Dunot waard de abdij yn 1666 gearfoege mei de kongregaasje fan Sint-Maurus. De kleastergebouwen en de kleastergong waarden yn klassisistyske styl wer opboud. De wurksumheden gyngen troch oant yn de 18e iuw. Ek de kleastergong waard doe ferfongen troch nijbou.
Ein fan de abdij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Frânske Revolúsje feroarsake de ferkeap fan de abdij en fragmintaasje fan de gebouwen, dy't ferboud en opdield waarden yn wenten.
Yn 1987 waard yn de kleastergebouwen in museum fan de tsiismakkerij iepene, mei û.o. in bibleteek, in dokumintaasjesintrum, útstallingsromten en romten foar gearkomsten. Yn 'e restaurearre kapittelseal wurde útstallings organisearre. De lêste jierren keapet de gemeente stadichoan de gebouwen werom, dy't sûnt de revolúsje troch ferskillende eigners dield waarden en yn de takomst restaurearre wurde.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Detail 13e-iuwske tsjerkeflier
-
Krusingstoer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|