Aartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)
Sint-Michaelkatedraal
Михаило-Архангельский собор | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | Archangelsk | |
koördinaten | 64° 31' N 40° 32' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 2008-2022 | |
arsjitekt | Vadim Michailovitsj Kibirev | |
boustyl | Russysk-byzantynske arsjitektuer | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 72,7 m | |
offisjele webside | ||
Side fan de katedraal |
De Aartsingel Michaelkatedraal (Russysk:Собор Михаила Архангела; Sobor Michailja Archangela) is in otterdokse tsjerke yn Archangelsk yn Ruslân. De katedraal is de haadtsjerke fan it bisdom Archangelsk en sil neffens ferwachting yn 2022 nei it skilderjen fan it ynterieur yn 2022 foltôge wêze.
Michaelkleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste tsjerke fan it Archangelsk fan foar de revolúsje wie de katedraal fan it Michaelkleaster fan Archangelsk. Dy tsjerke wie yn de jierren 1685-1689 boud op it plak fan in houten tsjerke en hie in soad fan de noch besteande katedralen yn Cholmogory en Severodvinsk (sjoch: Nikolo-Korelski kleaster). Archangelsk waard stifte by de muorren fan dat kleaster.
De Sovjet-autoriteiten lieten de âlde Michaelkatedraal yn 1925 ôfbrekke.
Hjoeddeiske katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 2001 waard oan Vadim Kibirev (1929-2018) de opdracht jûn it ûntwerp te leverjen foar in nije katedraal. Om't de katedraal in easterske oriïntaasje hat is de haadtagong oan de kant fan de rivier de Dvina. It projekt waard mei donaasjes finansierre.
De kar foar de te bouwen lokaasje foel op it plak dêr't it monumint foar de 'Dappere Ferdigeners fan it Sovjet-Noarden' stie, oprjochte ta neitins fan de fallen soldaten yn de striid tsjin de militêre yntervinsje fan de 14 lannen, dy't de Wite Beweging by de boargerkriich (1917-1922) helpe woene. It liede ta protesten, mar noch itselde jier ferhûze dat monumint nei in oare lokaasje foar it Sportpaleis.
Op 21 novimber 2008 wijde de biskop de earste stien foar de bou fan de katedraal en sûnt febrewaris 2011 waard útein set mei de bou fan de muorren. Healwei dat jier wie de bou al sa fier foardere dat de earste tsjinsten fierd wurde koene yn it sintrale diel fan de katedraal. Op 1 juny 2013 waarden de fiif yn Moskou getten klokken levere. De grutste klok weget 6,2 ton en is 2,30 meter heech. De tsien middelgrutte en lytsere klokken binne yn Tûtajev getten.
Sûnt 2020 waard útein set mei it beskilderjen fan it ynterieur fan de katedraal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Михаило-Архангельский собор (Архангельск)]
|