Springe nei ynhâld

Nîmes

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 jun 2020 om 04.04 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nîmes
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Languedoc-Roussillon
Arrondissemint Nîmes
Boargemaster Jean-Paul Fournier (2008–2014)
Sifers
Ynwennertal 140.747 (2009)
Oerflak 161,8 km²
Befolkingsticht. 870 / km²
Hichte 21–215 m
Oar
Postkoade 30000-30900
Offisjele webside
Offisjele webstee Nîmes

Nîmes is in stêd yn de regio Languedok-Roussillon (Frankryk). It is de "prefectuer" fan it departemint Gard. Nîmes leit net fier fan Avignon, Montpellier en Marseille ôf, en is berikber fia de autorûte A9 en A54 en de TGV.

Sa as út de menhir fan Courbessac bliken docht wie lang foar ús jiertelling al sprake fan minsklike oanwêzigens en aktiviteit yn de omjouwing fan Nîmes. Lykwols set de histoarje fan Nîmes útein mei de komst fan de Romeinen dy't de stêd stiften en Colonia Nemausensis neamden. Under keizer Augustus waard dit in wichtich sintrum.

De namme "denim", in stof foar jeansbroeken, komt oarspronklik fan Nîmes, nammentlik: "de Nîmes".

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Maison Carrée, dat beskôge wurdt as ien fan de bêst bewarre Romeinske timpels, wie oan de "Prinsen fan de Jeugd" (de pakesizzers fan de keizer) wijd.

De Arena fan Nîmes, waard boud tusken 50-100 nei Kr. en wie ynspirearre troch it "Colosseum" yn Rome. Ek dat bouwurk is ien fan de bêst bewarre út de Romeinske tiid. It is 113 by 101 m. grut. De flier is 70 by 38 m. Oan de bûtenkant binne twa nivo's fan 60 bôgen elk te ûnderskieden. Binnen joech dizze arena plak oan 24.000 taskôgers ferdield oer 34 tribunes, dy't plak nimme koenen yn 4 sônes dy't gearhongen mei de sosjale status fan de besikers. De arena is ûntwurpen foar gladiatoaregefjochten. Yn de Midsiuwen waard it ta in fersterke doarp ferboud en hie oant 1812 twa tsjerken, in lyts kastieltsje en om-ende-by 220 huzen. Op it heden wurde der Bollefjochtsjen, konserten en foarstellings yn de arena jûn.

Fierders binne yn Nîmes te sjen:

  • Romaanske katedraal "Notre-Dame-et-Saint-Castor"
  • "Place du Marché"
  • "Jardins de la Fontaine"
  • Romeinske ringmuorre
  • ferskate musea lykas:
    • Carré d'Art, museum fan moderne keunst
    • Musée du Vieux Nîmes, oer it libben yn Nîmes fan de ein fan de Midsiuwen ôf
    • Musée des Cultures Taurines
    • Archeologysk Museum
    • Natuerhistoarysk Museum "Chapelle des Jésuites"
    • Museum fan Schone Keunsten
    • Planetarium

Berne yn Nîmes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: