Springe nei ynhâld

Heinrich Hoffmann (skriuwer)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jun 2020 om 04.05 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (Flag_of_the_German_Empire.svg ferfange troch Flag_of_Germany_(1867–1919).svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 3 (obvious)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Heinrich Hoffmann (skriuwer)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Heinrich Hoffmann
nasjonaliteit Frankfurtersk
Dútsk
berne 13 juny 1809
berteplak Frankfurt (Frije Stêd Frankfurt)
stoarn 20 septimber 1894
stjerplak Frankfurt (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Dútsk
sjenre berneboeken, toaniel, poëzij,
non-fiksje, autobiografy
perioade 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Der Struwwelpeter
jierren aktyf 18421894
offisjele webside
n.f.t.

Heinrich Hoffmann (Frankfurt am Main, 13 juny 1809 – dêre, 20 septimber 1894) wie in Dútsk psychiater, skriuwer en dichter, dy't gebrûk makke fan in ferskaat oan pseudonimen. Hy is benammentlik bekend bleaun troch syn eigenyllústrearre berneboek Der Struwwelpeter.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoffmann waard yn 1809 berne yn in begoedich fermidden yn it Dútske Frankfurt am Main. Syn heit, Philipp Hoffmann, wie in arsjitekt yn 'e tsjinst fan 'e gemeente Frankfurt. Syn mem stoar doe't er noch in poppe wie, mar syn heit wertroude mei syn memme suster, Antoinette Lausberg, dy't in tige leafhawwende styfmem foar him waard. Mei't er gau ôflaat en de loaie kant it neist wie, hie Hoffmann op skoalle yn 't earstoan in protte muoite om mei te kommen, mar syn strange heit twong him om better syn bêst te dwaan. Hoffmann learde foar dokter yn Heidelberch en letter yn Halle. Nei't er syn stúdzje súksesfol ôfrûne hie en himsels medikus neame mocht, gied er in jier nei it Frânske Parys ta om him de nijste kennis op it mêd fan 'e sjirurzjy eigen te meitsjen. De oanboazjende minnichte fan syn heit twong him lykwols om syn ferbliuw dêre foartidich ôf te brekken.

Hoffmann kearde werom nei Frankfurt, sette him dêr nei wenjen en begûn in dokterspraktyk. Hy boaske oan Therese Donner en krige trije bern by har. Twa dêrfan oerlibben him, krektlyk as syn frou. It is bekend dat er koartswilige tekenings foar syn bern en frou makke.

Medyske karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn priveepraktyk wurke Hoffmann yn in earmeklinyk en ek dosearre er anatomy. Dêr koed er syn gesin mar kwealk mei bedrippe, dat doe't yn 1851 in freon fan him mei pinsjoen gie en der sadwaande in doktersposysje frijkaam yn it pleatslike psychiatrysk sikehûs, wie hy der as de roeken by om 'e fakatuere te ferfoljen. Hy wist doe noch net folle fan psychiatry ôf, mar sette him derta om dat te feroarjen. Ut syn lettere, kundige publikaasjes op dat mêd docht bliken dat him dat slagge wêze moat. Hoffmann wie in humaan dokter, dy't út en tenei besocht om it lot fan syn pasjinten sa draachlik mooglik te meitsjen. Ek wied er in útsprutsen skeptikus; yn syn beropsmjittige geskriften lûkt er kear op kear yn twifel oft syn behanneling wol ferantwurdlik is foar it opbetterjen fan in pasjint. Njonken syn medysk wurk stiek er ek in protte enerzjy yn 'e kampanje foar in nij, modern psychiatrysk sikehûs mei tunen deromhinne. Yn dy kwestje krige er úteinlik syn sin.

Hoffmann syn grêf op it Hauptfriedhof te Frankfurt.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoffmann hie al, sûnder in soad súkses, in stikmannich gedichten en in satiryske komeedzje publisearre, doe't in freon fan him, dy't útjouwer wie, him yn 1845 oerhelle om Lustige Geschichten und Drollige Bilder für Kinder von 3-6 Jahren ("Koartswilige Teltsjes en Grappige Tekenings foar Bern fan 3-6 Jier") út te bringen. Dat wie in eigenyllústrearre berneboek yn 'e foarm fan in bondeltsje fan tsien koarte ferhalen, dy't op ien nei allegear oer dôfhûdige bern geane. Hoewol't de ferhalen tsjintwurdich foar in part hurd en wreed oandogge en in wol hiel belearende toan oanslane, hie men dêr doedestiden blykber gjin euvelmoed yn. It boekje waard in grut súkses, en fan 'e fjirde printinge yn 1847 ôf kaam it bekend te stean ûnder de titel fan it earste fan 'e tsien ferhalen, Der Struwwelpeter.

Neitiid besocht Hoffmann syn súkses te werheljen, en dêrom skreau er noch ferskate oare berneboeken, mar allinnich it earste dêrfan, König Nussknacker und der Arme Reinhold, hie ienich súkses, al is dat sûnt ek yn 'e ferjitnis rekke. Fierdersoan gie Hoffmann ek troch mei it skriuwen fan satiryske en gauris komyske gedichten foar folwoeksenen. Yn dy teksten oppenearret him syn djip skeptyske hâlding foar alle soarten fan ideology oer en syn ôfkear fan religieuze skerpsliperij en filosofyske en politike diskriminaasje. Fan al syn wurk is lykwols, sels yn Dútslân, inkeld Der Struwwelpeter bekend bleaun.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al fan jongs ôf oan wie Hoffmann tige progressyf, wat yn syn tiid betsjutte dat er in foarstanner wie fan 'e Dútske ienwurding ûnder in konsitúsjonele monargy en fierders fan demokratyske ferkiezings, parsefrijheid en gelikense rjochten foar alle manlike steatsboargers, Joaden ynbegrepen. Hoffmann waard keazen yn it parlemint fan 'e frije stêd Frankfurt en wie dêr, nei eigen sizzen, de driuwende krêft efter it iepenstellen fan 'e gearkomste foar de boargerij troch in publike tribune yn te rjochtsjen. Hy rjochte in praatklub of Bürgerverein op dy't mei klam manlju út alle rangen en stannen útnûge om lid te wurden, ynklusyf Joaden en sljochtwei wurkfolk dat nea nei skoalle west hie. Doe't der yn syn frijmitselderslôzje in antysemityske wyn begûn te waaien, sei Hoffmann syn lidmaatskip op. Yn 1848, ûnder de Dútske Revolúsje, waard er in lid fan it saneamde Frankfurter Parlemint, de earste demokratysk keazen pan-Dútske folksfertsjintwurdiging, mar dêr rekke er al mei gauwens desyllúzjonearre fanwegen de dogmatyske en ûnproduktive diskusjes dy't dêr fierd waarden.

Heindrich Hoffman kaam op 20 septimber 1894 te ferstjerren, en waard begroeven op it Frankfurter Hauptfriedhof. Yn syn berte- en stjerplak Frankfurt stiet tsjintwurdich in Heinrich Hoffmann Museum.

  • 1842: Gedichte
  • 1843: Die Mondzügler: Eine Komödie der Gegenwart
  • 1845: Lustige Geschichten und Drollige Bilder für Kinder von 3-6 Jahren (sûnt de fjirde printinge, yn 1847, ûnder de titel Der Struwwelpeter)
  • 1847: Humoristische Studien
  • 1848: Handbüchlein für Wühler oder Kurzgefasste Anleitung in Wenigen Tagen ein Volksmann zu Werden
  • 1849: Heulerspiegel: Mitteilungen aus dem Tagebuch des Herrn Heulalius von Heulenburg
  • 1850-1851: Der Wahre und Ächte Hinkende Bote (2 dielen)
  • 1851: König Nußknacker und der Arme Reinhold
  • 1851: Die Physiologie der Sinnes-Hallucinationen
  • 1853: Das Breviarium der Ehe
  • 1854: Bastian der Faulpelz
  • 1857: Im Himmel und auf der Erde: Herzliches und Scherzliches aus der Kinderwelt
  • 1858: Allerseelen-Büchlein: Eine humoristische Friedhofs-Anthologie
  • 1859: Beobachtungen und Erfahrungen über Seelenstörungen und Epilepsie in der Irrenanstalt zu Frankfurt, 1851–1858
  • 1860: Der Badeort Salzloch, seine Jod- Brom-, Eisen und Salzhaltigen Schwefelquellen und die Tanninsauren Animalischen Luftbäder, nebst einer Apologie des Hasardspiels
  • 1867: Ein Liederbuch für Naturforscher und Ärzte
  • 1871: Prinz Grünewald und Perlenfein mit Ihrem Lieben Eselein
  • 1873: Auf heiteren Pfaden: Gesammelte Gedichte
  • 1924: Besuch bei Frau Sonne: Neue Lustige Geschichten und Drollige Bilder (postúm gearstald troch Eduard en Walther Hessenberg)
  • 1926: Struwwelpeter: Hoffmann Erzählt aus Seinem Leben (postúm gearstald troch Eduard Hessenberg)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]