Universiteit fan Edinburgh
Universiteit | ||
Namme | ||
Latynske namme | Universitas Academica Edinensis | |
Lokaasje | ||
Lân | Skotlân | |
Plak | Edinburgh | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Iepenbier | |
Oprjochting | 1582 | |
Rektor | Steve Morrison | |
Presidint | Sir Timothy O'Shea | |
Tal studinten | 35.582 (2015/2016) | |
Tal meiwurkers | 6.422 (akademisy) | |
Netwurken | Russellgroep Coimbragroep LERU Universitas 21 | |
Offisjele webside | ||
www.ed.ac.uk |
De Universiteit fan Edinburgh is in Britske universiteit festige yn Edinburgh, Skotlân. De universiteit waard stichte yn 1582 en is – njonken St. Andrews (1413), Glasgow (1451) en Aberdeen (1495) – ien fan de fjouwer âlde Skotske universiteiten ("ancient Universities").
De universiteit is ien fan de grutste en meast prestizjeuze fan it Feriene Keninkryk.[1][2][3] Mei in 17nt plak yn 2013 yn de THES - QS World University Rankings[4] en in 31st plak yn de resinte Global University Ranking[5] wurdt hja beskôge as ien fan de bêste universiteiten yn de wrâld. De universiteit spile in wichtige rol yn it ûntstean fan de reputaasje fan Edinburgh as liedend yntellektueel sintrum yn de Ferljochting en die sines ta de reputaasje fan de stêd as it 'Atene fan it Noarden'. In tal fan de meast wichtige figueren fan de moderne skiednis hearre ta de alumny fan de universiteit.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oprjochting fan de universiteit wurdt meast taskreaun oan biskop Robert Reid fan de St. Magnus Katedraal, Kirkwall, Orkney-eilannen. De universiteit waard boud troch in Royal Charter fan Jakobus I fan Ingelân. Dat wie ûngewoan yn dy tiid, meidat it stichtsjen fan in universiteit meast op in pauslike bul folge. Doe't de universiteit klear wie, wie it de fjirde universiteit fan Skotlân. Op dat stuit hie Ingelân noch mar twa universiteiten.
Yn de 18e iuw wie de universiteit ien fan de sintrums fan de Jeropeeske Ferljochting en waard sehien fan de meast foaroansteande universiteiten fan it kontinint.
Yn 2002 waard de universiteit reörganisearre; de oarpronlike 9 fakulteiten waarden 3 ‘Colleges’. De universiteit bestiet no út de kolleezjes Humanities and Social Sciences (HSS), Science and Engineering (CSE), en Medicine and Veterinary Medicine (MVM).
Alumny en fakulteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de alumni en (âld-)fakulteit fan de universiteit binne tal fan foaroansteande persoanen, lykas ekonoom Adam Smith, ûndertekeners fan de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring James Wilson en John Witherspoon, Britske Premiers Gordon Brown, Lord Palmerston en Lord John Russell, útfiner Alexander Graham Bell, natuerûndersiker Charles Darwin en biolooch Ian Wilmut, natuerkundigen James Clerk Maxwell, Max Born, Sir David Brewster, Tom Kibble, Peter Guthrie Tait en Peter Higgs, skriuwers Sir Arthur Conan Doyle, Robert Louis Stevenson, J.M. Barrie en Sir Walter Scott, akteur Ian Charleson, komponisten Kenneth Leighton, James MacMillan en William Wordsworth, skiekundigen Joseph Black en Daniel Rutherford, medyske pioniers Joseph Lister en James Simpson, wiskundige Colin Maclaurin, hurdfytser Sir Chris Hoy, filosoof David Hume, geolooch James Hutton, skiekundige en ûntfanger fan de Alexander von Humboldt Senior U.S. Scientists Award Narayan Hosmane, Dr. Valentin Fuster en wiskundige en presidint fan de Royal Society of Edinburgh Sir Michael Atiyah.
By diploma-útrikkingen set de fice-kânselier de Geneva Bonnet op de holle fan de ôfstudearren. De Geneva Bonnet is in hoed dy't neffens in leginde oarspronlik makke is fan stof út John Knox of George Buchanan syn broek.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Accommodation Services at the University of Edinburgh
- (in) Edinburgh University Students' Association
- (in) Edinburgh University Sports Union
- (in) List of Masters Programmes at University of Edinburgh
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Universiteit Edinburgh fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |