Springe nei ynhâld

Kacie Castle

Ut Wikipedy
Kacie Castle
persoan yn de seksyndustry
Ofbyld:Kacie Castle.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kaci Castle
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 desimber 1987
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Kubaansk
Sisyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
Kacie Castle op Twitter

Kacie Castle, echte namme ûnbekend (Miami, 8 desimber 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Kubaansk en Sisyljaansk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt inkeld ek wol stavere as Kaci Castle. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre

Castle waard yn 1987 berne yn Miami, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Hja makke yn 2015, doe't se 27 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 50 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Devil's Film, Digital Sin en Diabolic Video.

Ek hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, BangBros en Kink.com. Under har karriêre hat Castle gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Marco Banderas, Mick Blue, Manuel Ferrara, Lance Hart, Sean Lawless, Logan Long, Ramon Nomar, Mr. Pete, Criss Strokes en Mark Wood.

Lichemsskaaimerken

Kacie Castle is foar in part Latina mei in blanke hûdskleur, brune eagen en brún hier. Fanwegen har behindich stal liket se jonger as dat se is. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 51 kg, en in natuerlike kupmaat 34A. Behalven de wenstige piercings troch de earlellen hat Castle ek in nâlpiercing.

Fierders hat se ferskate tatoeaazjes: in ôfbylding fan Mickey Mouse en in anargysymboal op har lofterûnderearm, in ôfbylding mei de tekst siempre (Spaansk foar "altyd") op har rjochterûnderearm, in haai op har rjochterskouder, haaietosken tusken har kaaibonken en lytsere tatoeaazjes op har beide skinen en ûnder har lofterearm. Ta einbeslút hat Castle ûnder elts fan har boarsten in heale-sirkelfoarmige regel tekst tatoeëarje litten, wêrby't de beide regels ien sin foarmje. Under har rjochterboarst: I solemnly swear that ("Ik swar plechtich dat"), en ûnder har lofterboarst: I am up to no good ("ik net folle goeds fan doel bin").

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: