W.G. van de Hulst sr. folge in oplieding ta ûnderwizer en waard yn 1913 skoalhaad. Ynearsten skreau er foar de Nederlandsche Zondagsschoolvereeniging. Syn earste boek Willem Wijcherts skreau er ûnder de skûlnamme Jan van de Croese. Mei Jaap Holm en z'n vrinden festige er syn namme as skriuwer fan jeugdboeken mei in kristlike ynslach. Van de Hulst beskôge Peerke en z'n kameraden as syn bêste boek.
De boeken fan Van de Hulst binne ûnder oaren yllustrearre troch syn soan W.G. van de Hulst jr. It earste boekje dat troch junior yllustrearre waard wie Een muis in dit huis (1933).
Hy troude op 16 maaie1907 mei Johanna Cornelia van Arkel. Sy krigen twa dochters. De tsjerklike befêstiging fan it houlik wie yn de Dom fan Utert troch dûmny A.W. Bronsveld. pear Van de Hulst sette him nei wenjen op it adres Croesestraat 17. Dy strjitnamme brûkte er foar yn sy pseudonym.
Johanna Cornelia stoar in skoftke nei de berte fan harren twadde dochter (28 jannewaris1913). Op 10 febrewaris1916 boaske Van der Hulst fannijs mei Jeanette Maan. Ut dat houlik waarden fjouwer bern berne, trije soannen en in dochter. De âldste soan, dy't ek Willem Gerrit hjitte, soe syn hiele libben W.G. van de Hulst jr. neamd wurde. Soan Henk waard in bekend astronoom.
Van de Hulst stoar op 31 augustus 1963 en waard beïerdige op Begraafplak Soestbergen yn Utert.
Sûnt 2002 wurdt yn Hasselt (Oerisel) alle twa jierren it 'W.G. van de Hulstfestival' holden yn de lêste dagen fan it jier. Hoewol't de berneliteratuer dêr sintraal stiet, is der ek muzyk, teäter en it ferbyldzjen fan de jierren fyftich. Hichtepunt is de Aldjierslêzing.[1]