Springe nei ynhâld

Grutte Australyske Bocht

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 nov 2019 om 21.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)

Berjocht:See

De Grutte Australyske Bocht of Great Australian Bight is in bocht of iepen baai yn it suden fan Austraalje. De Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje definiearret de bocht as it part fan de Yndyske Oseaan tusken West Cape Howe yn West-Austraalje oant Súdwestkaap op Tasmaanje. Yn 1627 wie de Nederlânske ûntdekkingsreizger Thyssen de earste Europeaan dy't de bocht besocht; yn 1802 waard it wetter en syn kust yn kaart brocht troch Matthew Flinders en yn 1841 waard it lân oan de Bocht ferkend troch Edward John Eyre.

De kust fan de Grutte Australyske Bocht hat as skaaimerken de hege kliffen, lytse strannen en rotsplaten.