Metallic-kleur
In metallic-kleur is in kleur dy't de skyn jout fan oppoetst metaal. It fisuële aspekt fan metalen is de metaaleftige refleksje. Dy kin net imitearre wurdt troch in ienfâldige effen kleur, om't it reflektearjen komt fan ferskillen yn 'e felheid fan it materiaal feroarsake troch de ynfalshoeke fan it ljocht op it oerflak. Ek is der gjin meganisme om metallic-kleuren of fluorisearjende kleuren op in kompjûterskerm wer te jaan sûnder dat men software brûkt dy't de refleksje fan ljocht op in glânzgjend oerflak simulearret. Om deselde reden brûkt men hjirfoar yn 'e skilderkeunst en de heraldyk metallic-ferve dy't glinsteret sa't echt metaal dat ek docht.
Om in skilderij te meitsjen dêr't bygelyks in gouden foarwerp yn foarkomt, moat men metallic-ferve brûke dy't glinsteret sa't echt goud dat ek docht, om't in effen kleur goud estetysk net foldocht: eltse taskôger soe daliks sjen dat it gjin goud wie. Benammen yn tsjerklike keunst waard dêrom yn it ferline wol echt goud (yn 'e foarm fan blêdgoud) brûkt foar lytse goudene details yn skilderijen, lykas de strielekrânsen fan hilligen. It gebrûk fan metallic-kleuren is net beheind ta inkeld de kleuren (lykas goud, sulver, brûns, ensfh.) dy't lykje op 'e kleuren fan echte metalen. In hiel populêr gebrûk fan metallic-kleuren is bygelyks om auto's wer te jaan, dy't alderhanne kleuren hawwe kinne, mar dochs fan metaal binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|