Springe nei ynhâld

Barter

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 sep 2019 om 22.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Barter
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre science fiction
1e publikaasje 1985
oarspr. útjwr. The Twilight Zone Magazine
bondel Dreamweaver's Dilemma
Proto Zoa

Barter is in koart ferhaal fan it science fiction-sjenre, fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Ruilhannel". It ferhaal giet oer in opjage mem en húsfrou dy't in tige ûnferwachtse oplossing fynt om fan har houtenhammersliper fan in man en har trije klierige bern ôf te kommen en sa wat heechnedige rêst en kalmte te bemachtigjen. Barter wie it trêde koarte ferhaal dat Bujold skreau, mar it earste dat publisearre waard. It ferskynde yn it maart/april-nûmer fan it tydskrift The Twilight Zone Magazine. Dat wie de alderearste kear foar Bujold dat har skriuwen jild opsmiet. It ferhaal waard yn 1996 werpublisearre yn 'e bondel ferhalen en essays Dreamweaver's Dilemma, en jitris yn 2012 yn Proto Zoa, in ferhalebondel yn 'e foarm fan in e-boek.[1]

Mary Alice is in oerwurke hûsmem mei trije egoïstyske kringen fan bern: Teddy fan sân, Janie fan fiif en Bryan fan twa. Se jouwe net om sizzen en driuwe harren mem ta waansin, û.m. mei harren sinnigens op it mêd fan it iten dat Mary Alice mei muoite klearmakke hat. De beide katten drage by oan 'e gaos yn 'e hûs, en fan har man giet hielendal neat út; dy sjocht net nei de bern om, en lit de húshâlding, de opfieding en alle putsjes yn en om 'e hûs hinne oan Mary Alice oer. Ynstee giet er mei in maat fan him nei de automatehal ta om fideospultsjes te spyljen en it krappe jild dertroch te bringen dat Mary Alice útsparre hat troch de oanskaf út te stellen fan guon dingen dêr't se echt ferlet fan hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op in dei driuwt Janie har mem ta wanhope troch it folume fan 'e tillefyzje hieltyd suver op it alderlûdst te setten, wegeret Teddy syn iten, en brûkt Bryan syn miel inkeld om 'e katten mei te bekûgeljen, dy't it opfrette. Har man hie Mary Alice pas witte litten dat er fan doel wie om bûten de doar te iten, nei't se it iten al klear hie, dat sels hat se twa poarsjes tsjin heuch en meuch yn opite moatten. De iene kat koarret it iten fan Bryan wer op, net op 'e tegels, fansels, mar op 'e flierbedekking, en Janie wâdet dêrtrochhinne foar't Mary Alice it ophimmelje kin. Underwilens stjit de oare kat it lêste grutte itensboard dat noch oer wie, fan it oanrjocht ôf, dat op 'e tegelflier oan diggels falt.

Krekt op dat stuit wurdt der oanbelle. It blykt in alderapartst mantsje te wêzen dat oan 'e doar is, mei in koffer by him dy't njonken him sweven bliuwt sûnder dat er it ding oanrekket. Hy sjocht der net al te sûn út en liket yn need te wêzen, dat se nûget him deryn. De frjemdling freget Mary Alice driuwend om ammoniak, en as se him de beide twaliterske flessen mei dat guod jout dy't se in pear wiken earder kocht hat om't dat doe yn 'e oanbieding wie, drinkt er der daliks in pear kopfollen fan op. Dêr knapt er dúdlik fan op. It mantsje, dat, sa hat Mary Alice no wol foar 't ferstân, in bûtenierdsk wêzen is, seit dat er gjin jild hat, mar hy wol graach wat ruilje tsjin 'e ammoniak. It iennichste dat Mary Alice betinke kin dêr't se echt ferlet fan hat, seit se by wize fan grap, is in út-knop op 'e bern. It mantsje hellet dêrop eat út syn koffer dat er in 'biostasisfjild' neamd. Nei't er op 'e katten demonstrearre hat hoe't it wurket, past er it op har bern ta. As Mary Alice dan op in knop drukt, ferstiivje se yn 'e hâlding dy't se op dat momint hawwe en dogge se neat mear.

Beseffend dat dit foar har in útkomst wêze kin, freget Mary Alice oft it mantsje ek wat wit foar har man, dy't net sasear ferlet hat fan in út-knop, mar mear fan in oan-knop. Ek dêr wit it mantsje wol wat op: eat dat er in 'focusstimulator' neamt. Mary Alice ruilet sa'n ding mei him foar in oansprutsen flesse gloar, dat it mantsje beskôget as it ekwifalint fan sterke drank. As har man thúskomt, stelt Mary Alice it bûtenierdske wêzen foar as in Jehova's tsjûge. Har man ferliest daliks alle belangstelling, en as er him omdraait, om't er eefkes lizzen gean wol nei alle ynspanning yn 'e automatehal, ynstallearret it mantsje gau de focusstimulator. Daliks fearret manleaf op en beslút er om 'e daksgoaten ris te himmeljen. Nei't it bûtenierdske wêzen ôfset is, beslút Mary Alice dat syn besyk it bêste is dat har ea oerkommen is. Se kin de bern en de katten fansels net altyd útstean litte, mar no hat se teminsten de tiid om ris it hûs te himmeljen sûnder dat alles al wer smoarch makke is foar't se der klear mei is.

Ferfilming en oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei de earste publikaasje fan Barter ferkocht Bujold de tillefyzjerjochten op it ferhaal oan Tales from the Darkside, in tillefyzjesearje mei op harsels steande ôfleverings, dy't mar in koart libben beskern wie. It waard ek echt ferfilme en as in ôflevering op tillefyzje útstjoerd, mar nei't de skriptskriuwers deroer gear west hiene, liek it mar kwealk mear op Bujold har ferhaal.[2] Barter is ek oerset yn it Russysk, ûnder de titel Bartjer, troch T. Čerjezova, yn 2003.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  2. Vincent, Jérôme, ITW Lois McMaster Bujold en anglais (www.actusf.com).
  3. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

  • Bujold, Lois McMaster, Barter, yn: Bujold, Lois McMaster en Lewis, Suford (red.), Dreamweaver's Dilemma, Boston, 1996 (NESFA), ISBN 0 91 53 68 536.
  • Bujold, Lois McMaster, Barter, yn: Bujold, Lois McMaster, Proto Zoa, New York, 2012 (Spectrum Literary Agency, Inc.), ASIN B006T10LK8.