Springe nei ynhâld

New England Science Fiction Association

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan NESFA)
New England Science Fiction Association
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NESFA
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. feriening
wurkmêd science fiction-fanklub; útjouwerij
haadkertier Boston (Massachusetts)
off. taal Ingelsk
oprjochte 1967
orgaan Instant Message
aktyf yn Nij-Ingelân
offisjele webside
www.nesfa.org

De New England Science Fiction Association, yn 'e regel ôfkoarte ta NESFA, is in Amerikaanske science fiction-fanklub dy't aktyf is yn Nij-Ingelân. Behalven mei it mei-inoar yn kontakt bringen fan science fiction-fans, hâldt de organisaasje him ek dwaande mei it organisearjen fan 'e jierlikse Boskone-konvinsje, it publisearjen fan literêre wurken dêr't kommersjele útjouwerijen gjin brea yn sjogge en it útrikken fan ferskate prizen op it mêd fan science fiction.

Algemiene aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De NESFA waard yn 1967 oprjochte troch fans dy't méár dwaan woene as gewoan gesellich mei-inoar sosjalisearje. It is in registrearre non-profitorganisaasje ûnder seksje 501(c)(3) fan 'e Amerikaanske Belestingtsjinst. De NESFA beleit geregeldwei gearkomsten fan en foar leden en oare belangstellenden, wêrûnder in wyklikse gearkomste op woansdeitejûn foar it bepraten fan projekten, bykommende oangelegenheden en om simpelwei gesellich byinoar te wêzen, en twa wykeingearkomsten de moanne, wêrfan't ien in bestjoersgearkomste is. De organisaasje publisearret ek in eigen nijsbrief, mei as namme Instant Message.

Op jierlikse basis organisearret de NESFA fierders de science fiction-konvinsje Boskone, in trijedeisk evenemint, dat elts jier yn febrewaris holden wurdt yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts.

Yn 'e Amerikaanske science fiction-wrâld is it wenst en neam in konvinsje nei it earste diel fan 'e namme fan 'e stêd dêr't er holden wurdt, mei dêroan fêstplakt de ôfkoarting con, fan convention. Yn dit gefal soe dat dus de namme Boscon opsmiten hawwe. Boskone is de namme fan in gearwurkingsferbân fan smjunten yn 'e klassike Lensman-rige fan science fiction-skriuwer E.E. Smith; de likenis tusken Boscon en Boskone waard opmurken en omearme, en sa komt de konvinsje oan syn namme.

Boskone waard foar it earst holden fan 1941 oant 1945, doe't it evenemint organisearre waard troch The Stranger Club. Yn syn hjoeddeiske foarm datearret Boskone fan 1965, en sûnt is de konvinsje elts jier holden, de earste pear jier organisearre troch de no net mear besteande Boston Science Fiction Society. De tradysje om Boskone yn febrewaris te hâlden, is ûntstien yn 1976.

De NESFA omfiemet ek in lytse útjouwerij, NESFA Press, dy't him taleit op it werpublisearjen fan klassike wurken fan science fiction dy't al lang net mear te besetten binne, en op it útbringen fan ferwaarleazge wurken dêr't kommersjele(re) útjouwerijen gjin brea yn sjogge. Fierders publisearret NESFA Press ek wol fanfiksje en histoarysk materiaal en neislachwurken oer science fiction-literatuer en it science fiction-fandom. Under de bekendere útjeften fan NESFA Press binne:

De NESFA rikt jiers ek twa prizen út. De Edward E. Smith Memorial Award, dy't ferneamd is nei de auteur E.E. Smith, mar dy't ornaris bekendstiet as de Skylark Award, giet nei in persoan dy't nei de miening fan 'e leden fan 'e NESFA troch syn of har wurk of persoanlike kwaliteiten yn it bysûnder bydroegen hat oan it science fiction-sjenre. Fierders wurdt de Jack Gaughan Award jierliks útrikt oan in begjinnend omslachkeunstner, dy't útkeazen wurdt troch in sjuery fan saakkundigen.

De NESFA funksjonearret fierders ek as gasthear foar de gearkomsten fan 'e Massachusetts Convention Fandom, Inc. (MCFI). Dat is krekt as de NESFA sels in non-profitorganisaasje, dy't ferskate "bysûndere" konvinsjes yn Nij-Ingelân organisearret. De bekendste dêrfan is Noreascon, wêrmei't men út en troch besiket om 'e Worldcon (de Wrâldkonvinsje fan Science Fiction) nei Nij-Ingelân te heljen. Hoewol't de MCFI in selsstannige organisaasje is dy't yn prinsipe folslein los stiet fan 'e NESFA, bestiet der wol in grutte oerlaping op it mêd fan 'e leden fan 'e beide organisaasjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.