The Twilight Zone Magazine

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
The Twilight Zone Magazine
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre horror
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 19811989
útjouwer Montcalm Publishing
oplaach 125.000 (1983)
ISSN 0279-6090
offisjele webside
gjint

The Twilight Zone Magazine wie yn 'e 1980-er jierren in Amerikaansk tydskrift, dat úteinsette as de papierrene ferzje fan 'e doe populêre tillefyzjesearje The Twilight Zone. Krekt as inkele oare publikaasjes, lykas Omni Magazine en Night Cry, waard The Twilight Zone Magazine publisearre troch Montcalm Publishing, in útjouwerij dy't eins bekender wie omreden fan syn neakenblêden, lykas Gallery.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Twilight Zone Magazine waard (koarte) fiksje publisearre fan it horrorsjenre, mei dêropta ek (mar folle minder) fantasy en (noch minder) fiksje dy't nei science fiction nige. It blêd omfieme fierders resinsjes fan horrorfilms en artikels oer de oarspronklike tillefyzjesearje dêr't it nei ferneamd wie en letter oer de nije searje (The New Twilight Zone). Teffens waarden der artikels yn publisearre oer ferskate oare ûnderwerpen út 'e hoeke fan it horrorsjenre. The Twilight Zone Magazine wie yn 'e 1980-er jierren yn 'e Feriene Steaten it betrouberste medium foar koarte horrorfiksje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Twilight Zone Magazine sette yn april 1981 útein mei T.E.D. Klein as haadredakteur. It tydskrift wie yn 't earstoan tige súksesfol, en tsjin 1983 hie it in oplaach fan 125.000 eksimplaren. Dêrmei groeide The Twilight Zone Magazine fêstige tydskriften op it mêd fan spekulative fiksje, lykas Analog, foarby. Yn 'e tiid dat Klein haadredakteur wie, publisearre The Twilight Zone Magazine wurk fan auteurs fan namme, lykas Harlan Ellison, Stephen King, Pamela Sargent en Peter Straub. Oare skriuwers brochten yn it blêd harren earste of iere wurk út, lykas Lois McMaster Bujold.

Ein 1985 waard Klein as haadredakteur opfolge troch Michael Blaine. Fan maart 1986 ôf wie Tappan King haadredakteur fan The Twilight Zone Magazine, in funksje dy't er kombinearre mei it haadredakteurskip fan 'e susterpublikaasje Night Cry. Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren rekke it mei The Twilight Zone Magazine yn it neigean. Uteinlik waard besletten it tydskrift op te heffen. De lêste edysje wie dy fan juny 1989.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.