Springe nei ynhâld

Sint Thomaslieden

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 mai 2019 om 08.08 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sint Thomaslieden yn Ketlik.

Sint-Thomaslieden, ek wol plúslieden neamd, is in tradysje dy't der út bestiet dat tusken 21 desimber en 31 desimber klokken lieden wurde. Troch it lieden fan de klokken soenen de kweade geasten, dy't de dagen koartsje, ferdreaun wurde.

Yn de 19de iuw en dêrfoar waard praat fan ‘plúslieden’. It wurd ‘plús’ [pluis] hat de betsjutting fan suver, suverjen. It oarspronklike doel fan it lieden wie de loft te suverjen fan de kweade geasten. Dêrom waard it plúslieden ek wol ‘duveljeie’ neamd. In útdrukking dy’t út dy tiid komt is: ‘De boel is dêr net plús’.

De tradysje wurdt benammen yn eare holden yn Súdeast-Fryslân dêr't in soad frijsteande klokkestuollen binne dy't troch it folk maklik let wurde kinne. Untanks it ferbod troch de oerheid - op de tsjerkhôven dêr't de klokkestuollen stienen, waarden bytiden fernielings oanrjochte - hat de tradysje stân hâlden.

Alle jierren is der noch Sint-Thomaslieden yn Ketlik en Aldhoarne, dêr't eltsenien op de neamde dagen skuor oan de liedklokken jaan mei. Yn dizze doarpen wurdt it lieden no stimulearre en wurde wedstriden hâlden.

It is de keunst om de twa klokken te lieden yn in ritme dat goed op inoar ôfstimd is. It giet by dat lieden om de saneamde "fjouwerkante slach". De lytse en de grutte klok binne dan yn harmony mei inoar. De lytse klok moat in fearnsslach nei de grutte klok komme. De fjouwerkante slach is te werkennen toch de wurden "do earst, dan ikke".

Eartiids gie it Sint Thomaslieden dei en nacht troch. Tsjintwurdich allinnich tusken moarns 7 oere oant jûns 10 oere. De gemeente It Hearrenfean hat it lieden ris ferbiede wold en hellen doe de bongels út de klokken. Tsjintwurdich stimulearret de gemeente It Hearrenfean de tradysje mei in subsydzje.