Springe nei ynhâld

Nijegea

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.47 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side giet oer it eardere doarp yn De Fryske Marren. Foar it doarp yn Smellingerlân, sjoch: Nyegea.

Nijegea (Nederlânsk en offisjeel: Nijega) wie in doarp yn 'e Gritenij Himmelumer Aldefurd en fan 1851 ôf yn 'e Gemeente Himmelumer Aldefurd. It lei yn 'e lânstreek Noardwâlde of De Wâlde, it diel fan Himmelumer Aldefurd oan 'e eastkant fan De Fluezen. Yn 1966 kaam Nijegea mei ferlies fan eigen plaknamme ta it oanbuorjende Ealahuzen te hearren. De namme fan 'e Nijegeaster Feart, dy't it doarp ferbûn mei De Fluezen, is noch in oantinken oan it bestean fan Nijegea. It doarp hie yn 1840 in ynwennertal fan 214; yn 1900 fan 533; en yn 1950 fan 317. Nei de gearfoeging mei Ealahuzen kaam it eardere Nijegea yn 1984, nei de opheffing fan Himmelumer Aldefurd, ta de gemeente Gaasterlân-Sleat te hearren, dy't yn 2014 opgie yn 'e nije fúzjegemeente De Fryske Marren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: