Springe nei ynhâld

Lamkje Hof-De Boer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.46 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lamkje Hof-De Boer
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lamkje Hof-De Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1908
berteplak Aldeberkeap (Fryslân)
stoarn 1991
stjerplak Aldeberkeap (Fryslân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurk
taal Nedersaksysk (Stellingwerfsk)
sjenre poëzij, toaniel, autobiografy
útjouwer Stellingwarver Schrieversronte
jierren aktyf ±19401991
offisjele webside
n.f.t.

Lamkje Hof-De Boer (Aldeberkeap, 1908 – dêre, 1991) wie in Nederlânsk skriuwster en dichteresse, dy't wurke yn har memmetaal, it Stellingwerfsk.

Hof-De Boer waard yn 1908 berne yn Aldeberkeap en wie yn har doarp altyd tige belutsen by it ferieningslibben. Oant de oprjochting fan 'e Stellingwarver Schrieversronte, yn 1972, wie hja de iennichste yn Aldeberkeap dy't yn it Stellingwerfsk publisearre. Hof-De Boer skreau benammen rymkes en oare poëzij en stikken foar de doarpsrevu.

Yn 1988 skreau se fierders de autobiografy Veur Loon en Verval, wêryn't se fertelde oer har jonkheid as bern yn in boeredoarp, har wurk as faam, har bestean as troude boerinne en har libben as widdo. Nei oanlieding fan dat boek makke de NCRV yn it ramt fan it programma Plein 5 in dokumintêre oer Hof-De Boer, dy't op 30 desimber 1988 sûnder ûndertitels yn it Stellingwerfsk op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd waard.

Hof-De Boer kaam yn 1991 hommels te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 83 jier. Yn 1967 waarden der troch de âldjiersferiening De Geitefok oan 'e grins fan beboude kom fan Aldeberkeap fiif houtene buorden pleatst mei dêrop ferwolkomjende rymkes fan Lamkje Hof-De Boer, dy't der noch altyd steane.

  • Hof-De Boer, Lamkje, Veur Loon en Verval, Aldeberkeap, 1988 (Stellinwarver Schrieversronte), SSR-40, ISBN 9 06 46 60 433, 180 siden; 4 printingen (autobiografy).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: