Springe nei ynhâld

Lappland (lânskip fan Sweden)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 nov 2018 om 02.17 troch S Group Coop (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Lappland
Lânskip
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Norrland
Provinsje(s) Jämtlands län
Norrbottens län
Västerbottens län
Koördinaten 65° 56′ NB 16° 45′ EL
Oerflak 109.702 km²
Ynwennertal 91.666  (31-12-2016)
Befolkingstichtens 0,84 ynwenners/km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)

Lappland (Frysk: Laplân) is ien fan de lânskippen (histoaryske provinsjes) fan Sweden en leit yn it noarden fan it lânsdiel Norrland. It beslacht ûngefear in kwart fan it totale oerflak fan Sweden en is dêrmei it grutste fan alle lânskippen. Yn it westen grinzget it lânskip oan Noarwegen en yn it noardeasten oan Finlân. De oangrinzgjende lânskippen binne Jämtland, Norrbotten, Västerbotten en Ångermanland.

Lappland leit tsjin it Skandinavysk Heechlân oan en bestiet foar in grut part út heechflakte. Mear as 47 prosint fan it gebiet leit heger as 500 meter boppe seenivo. It heechste punt is de súdlike top fan Kebnekaise, de twatoppige berch dy't mei 2.111 meter ek it heechste punt fan Sweden is.

Lânskippen fan Sweden Flagge fan Sweden
Norrland:
GästriklandHälsinglandHärjedalenJämtlandLapplandMedelpadNorrbottenVästerbottenÅngermanland
Svealand:
DalarnaNärkeSödermanlandUpplandVärmlandVästmanland
Götaland:
BlekingeBohuslänDalslandGotlandHallandSkåneSmålandVästergötlandÖlandÖstergötland
· · Berjocht bewurkje