Springe nei ynhâld

Warkumer Trekfeart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2018 om 10.14 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (gw)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Warkumer Trekfeart by Tsjerkwert (2009)
De Warkumer Trekfeart by Parregea (2007)

De Warkumer Trekfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De trekfeart rint fan Warkum nei de stêd Boalsert yn it noarden. De feart rint bylâns de N359 en giet troch Parregea en Tsjerkwert. Sydfearten binne de Nijhuzumer Feart, de Yndyk en it Van Panhuyskanaal en de Bluodderige Feart.

De namme Warkumer Trekfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Workumer Trekvaart.