Springe nei ynhâld

Sânsleat (Heech)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2018 om 09.59 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (gw)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Sânsleat is in sleat yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De sleat rint fan Jutryp nei it suden, njonken de N354 troch De Hommerts rjoching Eastersee. Oan de súdkant fan De Hommerts rint de feart mei in heakske bocht nei it westen en komt út op it krúspunt fan Jeltesleat, Hegemer Far, en Nauwe Wimerts en Wide Wimerts.

De namme Sânsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zandsloot.