Willem Freark fan Nassau-Dietz
Willem Freark fan Nassau-Dietz koartwei Willem Freark (Arnhim, 7 augustus 1613 – Ljouwert, 31 oktober 1664) wie fan 1640 oant 1654 greve en dêrnei oant 1664 foarst fan Nassau-Dietz en fan 1640 oant 1664 steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Hy wie de opfolger fan syn âldere broer Hindrik Kasimir I.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem Freark wie in soan fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz en Sophia Hedwich fan Brunswyk-Wolfenbüttel. Hy studearre yn Leien en Grins en naam dêrnei tsjinst yn it leger fan Freark Hindrik fan Oranje. Yn 1640 nimt hy diel oan de striid om Hulst, dêr't syn broer Hindrik Kasimir I omkomt. Dêrnei ûntstjit der in skeel mei Freark Hindrik fan Oranje wa de opfolger fan Hindrik Kasimier wurde sil. Uteinlik wurdt Willem Freark allinnich steedhâlder fan Fryslân. Tsjin de tiid dat Willem Freark steedhâlder wurden is, wie de Tachtichjierrige Oarloch sawat foarby. En nei it ferstjerren fan Freark Hindrik soe hy dochs noch steedhâlder oer Grinslân en Drinte wurde. Yn 1664 wurdt hy troch de Steaten-Generaal oan it haad fan in lyts ekspedysjeleger steld dat de Munsterske biskop Bernhard von Galen ferjeie moast. Mei súkses slagget hy dêryn, mar koart dêrnei stjert hy nei in ûngelok mei in pistoal.
Willem Freark is ek bekend troch syn deiboeken dy't weromfûn binne. Hy skreau hjiryn op in iepenhertige wize oer saken as sykte, lust, dranksucht, berou en skuld.
Nei syn dea soe er opfolge wurde troch syn soan Hindrik Kasimir II.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1652 troude Willem Freark mei Albertine Agnes (1634-1696), de fiifde dochter fan Freark Hindrik. Ek is hy de stamheit fan it tsjintwurdige keninklik hûs yn Nederlân. De neifolgende bern binne út dit houlik berne:
- Amalia (1655-1695), troude mei Johan Willem fan Saksen-Eisenach (1666-1729)
- Hindrik Kasimir II (1657-1696), troude mei Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau (1666-1726)
- Sofia Hedwich (1664-1667)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Luuc Kooijmans: Liefde in opdracht. Het hofleven van Willem Frederik van Nassau. Bert Bakker, 332 siden.
- Greve fan Nassau-Dietz
- Foarst fan Nassau-Dietz
- Greve fan Katzenelnbogen
- Greve fan Spiegelberg
- Baron fan Beilstein
- Baron fan Liesveld
- Steedhâlder fan Fryslân
- Steedhâlder fan Grinslân
- Steedhâlder fan Drinte
- Dútsk generaal
- Dútsk politikus
- Dútske adel
- Frysk generaal
- Frysk politikus
- Fryske adel
- Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch
- Steatsk persoan yn de Earste Ingelske Oarloch
- Steatsk militêr yn de Twadde Ingelske Oarloch
- Persoan dy't omkommen is by in ûngemak mei in fjoerwapen
- Dútsk persoan fan Deensk komôf
- Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Dútsk persoan fan Litousk komôf
- Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Dútsk persoan fan Poalsk komôf
- Frysk persoan fan Deensk komôf
- Frysk persoan fan Dútsk komôf
- Frysk persoan fan Eastenryksk komôf
- Frysk persoan fan Litousk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Frysk persoan fan Poalsk komôf
- Hûs Nassau-Dietz
- Persoan stoarn yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1613
- Persoan stoarn yn 1664