Springe nei ynhâld

Fiverstrjitte (Frjentsjer)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jul 2018 om 22.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Fiverstrjitte, sjoen fan 'e hoeke mei de Akademystrjitte ôf.

De Fiverstrjitte (Nederlânsk en offisjeel: Vijverstraat) is in strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske stêd Frjentsjer. Dizze strjitte rint rûchwei yn noard-súdrjochting fan 'e trijesprong mei de Suderkade en de Harnzerwei yn it suden nei it punt dêr't er oergiet yn 'e Sjaardemastrjitte.

Oan 'e eastkant fan 'e Fiverstrjitte binne twa ôfslaggen. Yn it suden giet dêrby om 'e Akademystrjitte, dy't oan 'e noardkant fan in grêft lâns rint dy't by de fjouwersprong oan 'e súdein fan 'e Fiverstrjitte útkomt yn it Van Harinxmakanaal. Fierder nei it noarden is de ôfslach fan 'e Foarstrjitte, dat ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten fan Frjentsjer is. Tusken dy beide ôfslaggen yn is in fêstiging fan GGZ Fryslân, dy't foarhinne tahearde oan it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer. Fuort noardlik fan 'e ôfslach nei de Foarstrjitte begjint de Sjaardemastrjitte.

Oan 'e westkant hat de Fiverstrjitte gjin ôfslaggen. Op 'e hichte fan 'e ôfslach nei de Foarstrjitte leit oan dy kant fan 'e Fiverstrjitte it Sjûkelân, dêr't elts jier yn augustus de PC holden wurdt, dat de wichtichste keatspartij fan Fryslân is. Drekt besuden it Sjûkelân, ek oan 'e westkant fan 'e Fiverstrjitte, stiet De Bogt fen Guné, dat it âldste kafee fan Nederlân is, datearjend út 1641.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 100.000+ Stratenboek, Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.