Tipy
In tipy (ek wol op 'e Ingelske wize stavere as tipi of teepee of inkeld tepee) is in kegelfoarmich soarte fan tinte dat troch de lânseigen Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika brûkt waard by harren nomadyske libbenswize fan jager-sammelders, foar't hja yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw troch de Amerikaanske en Kanadeeske autoriteiten twongen waarden om har yn reservaten nei wenjen te setten. Tipys waarden tradisjoneel makke troch in stikmannich houtene peallen tsjininoar oan rêste te litten en se dan mei bistehûden te beklaaien. Hoewol't sokke tinten stereotypysk assosjearre wurde mei alle Yndianen, waarden se inkeld brûkt troch de Flaktestammen. Yn oare dielen fan Noard-Amearika wiene oarsoartige tinten of fêste huzen yn gebrûk as wente, lykas de wichwam, in tinte mei in rûne boppekant út 'e krite fan 'e Grutte Marren en it eastlike boskgebiet, dy't gauris mei de tipy betize wurdt.
Neiere omskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd "tipy" komt fia it Ingelsk út it Lakota, dêr't thípi (útspr.: ['tʰi:pi]) gewoan "wente" betsjut, fan it tiidwurd thí, "wenje".
Men set in tipy op troch trije lange peallen (dy't histoarysk sjoen útinoar rûnen fan 2.65 m oant wol 7.60 m) by de top oaninoar te binen as in trijepoat en dan mei de úteinen op in effen stik grûn te setten. (De tipys fan 'e Swartfuotten fan noardlik Montana en oangrinzgjende dielen fan súdlik Kanada ûnderskiede har troch in fjouwerpeals struktuer.) Om 'e trije peallen hinne wurde dan oant wol tolve oare peallen set, dy't boppe tsjin 'e trijepoat oan lynje en dêroan fêstbûn wurde.
Dan wurdt it kanvas (of waarden eartiids de bizonhûden) sydlings oan 'e lêste peal fêstmakke dy't by de stellaazje op set wurdt. It kanvas of de hûden wurde dan strak om it bouwurk fan peallen hinne lutsen en dêr't it wer byinoar komt mei houtene pluggen oaninoar set. De iepening fan 'e tinte siet foarhinne altyd ûnderoan de rige pluggen, mar kin by moderne tipys ek op oare plakken sitte. In tekken of hûd wurdt foar de iepening hongen om 'e kjeld bûten te hâlden.
De ûnderkant fan it kanvas (of de hûden) wurdt mei hjerringen oan 'e grûn fêststutsen. By waarm waar kin men dêr in iepening litte sadat der wat frisse lucht binnen komme kin. De ûnderkant fan 'e peallen dy't gjin diel útmeitsje fan 'e oarspronklike trijepoat kinne nei binnen of nei bûten ta ferskood wurde om it kanvas of de hûden strak te lûken. Binnenyn 'e tipy wurdt dan op hollehichte in koarde by de peallen lâns helle, dêr't men (winterdeis) in fuorring fan kanvas of hûden oan fêstmeitsje kin, wêrfan't de midden dan omleech treaun wurdt nei de grûn. Sa hâldt men siging en ûngedierte bûtendoar. Boppe-yn 'e tinte sit in reekgat, sadat der winterdeis binnendoar iten sean en in fjoer foar waarmte oanstutsen wurde kin. In luif (ozan, yn it Lakota) kin foar dat gat lutsen wurde om rein tsjin te hâlden.
Tipys wiene ûntwurpen om maklik yn it opsetten en ôfbrekken te wêzen en tagelyk noflik om te ferfieren. In Yndiaansk doarp op 'e Grutte Flakten koe binnen in oere op 'en paad wêze, mei de tintpeallen en hûden op travois laden, dy't yn 't earstoan troch hûnen en letter troch hynders lutsen waarden. In tipy wie makke fan duorsume materialen, hold de minsken drûch en waarm yn 'e winter, en koel yn 'e simmer. Moderne tipys binne gauris fersierd mei kleure patroanen, mar fan âlds kaam dat mar komselden foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and Notes, op dizze side.
|