Springe nei ynhâld

Wichwam

Ut Wikipedy
In wichwam fan 'e Odjibwe (detail fan in skilderij fan Paul Kane, út 1846).

In wichwam (fan it Abenaky-wurd wigwom, fia it Ingelske wigwam) is in koepelfoarmich soarte fan tinte dat troch in diel fan 'e lânseigen Yndiaanske folken fan Noard-Amearika brûkt waard as wente. Wichwams kamen benammentlik foar by de stammen út 'e krite fan 'e Grutte Marren en it eastlike boskgebiet, en yn in frijwol soartgelikense foarm, as de wickiup, ek by de stammen fan it Súdwesten, Kalifornje, de Grutte Dobbe en de heechflakten fan it Noardwesten. De wichwam wurdt gauris betize mei de tipy, wat de folslein oars útsjende kegelfoarmige tinte fan 'e folken fan 'e Grutte Flakten is.

In wickiup fan 'e Apachen, op in foto út 1903.

In rûne wente mei in koepeldak wie by withoefolle ûnderskate Yndiaanske kultueren yn gebrûk om't de rûne foarm fan it dak ideaal is foar alderhanne waarsomstannichheden. Dizze bouwurken waarden foarme mei in ramt fan bûgde peallen dêr't mei oar materiaal wanden en in dak om- en oerhinne makke waarden. Sok materiaal rûn útinoar fan reid of gers en strewelleguod of beamskors ta weve matten en hûden. Yn 'e regel bouden de manlju it ramtwurk, wêrnei't dat beklaaid waard troch de froulju.

Wichwams waarden almeast bewenne foar ien seizoen, al wiene der ek kultueren dy't permanintere wichwamwenten bouden. Yn ferhâlding ta de bekendere tipy nimt it in stik mear tiid om in wichwam oan te lizzen en boppedat kin men in wichwam net opbrekke en meinimme, sa't dat by in tipy wol kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.