Springe nei ynhâld

Hartochdom Warsjau

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jul 2017 om 15.40 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kaart fan it hartochdom.

It Hartochdom Warsjau (ek wol it Gruthartochdom Warsjau) wie in satellytsteat fan Frankryk yn it tiidrek 1807-1815. It hartochdom lei yn 'e midden fan de moderne steat Poalen. Haadstêd fan it hartochdom wie Warsjau.

Napoleon Bonaparte hie it gebiet fan Prusen ferovere. Troch de Frede fan Tilsit (7-9 july 1807) tusken Ruslân en Frankryk waard it Hartochdom Warsjau stifte. De grûnwet fan it hartochdom wie op 22 july 1807 ree. De satellytsteat hie in oerflak fan 104.000 km² en in befolking fan 2,6 miljoen ynwenners.

Yn 1809 besocht Eastenryk-Hongarije it hartochdom te besetten. De oanfal fan Eastenryk-Hongarije mislearre lykwols. Dêrtroch moast it lân dat Eastenryk-Hongarije by de Poalske Dielingen anneksearre hie, ôfstean oan it Hartochdom Warsjau. Yn it nije hartochdom wennen 4,3 miljoen minsken.

Nei it Kongres fan Wenen waard it hartochdom splitst yn trije parten:

  • It Gruthartochdom fan Poznań kaam by Prusen.
  • Kongres-Poalen kaam ûnder it bewâld fan de Russyske tsaar.
  • Krakau waard in frije stêd yn Eastenryk.