Springe nei ynhâld

Symbions

Ut Wikipedy
Symbions
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: oermûnigen (Protostomata)
(sûnder rang): platwjirmeftigen (Platyzoa)
stamme: krânsdieren (Cycliophora)
klasse: krânsdieren (Eucycliophora)
skift: symbions (Symbiida)
famylje: symbions (Symbiidae)
skaai: symbions (Symbion)
Kristensen & Funch, 1995

De symbions (Latynske namme: Symbion) foarmje in skaai fan 'e boppestamme fan 'e oermûnigen (Protostomata), it rangleaze takson fan 'e platwjirmeftigen (Platyzoa) en de stamme fan 'e krânsdieren (Cycliophora). Binnen de klasse fan 'e krânsdieren (Eucycliophora), it skift fan 'e symbions (Symbiida) en de famylje fan 'e symbions (Symbiidae) is dit skaai monotypysk (d.w.s. dat dy nivo's inkeld dit skaai omfiemje).

Symbions binne mikroskopysk lytse, wringeleaze, rjusellige organismen, dy't pas yn 1995 wittenskiplik beskreaun waarden troch de biologen Reinhardt Kristensen en Peter Funch. Der binne trije soarten fan bekend, al is ien dêrfan sa koartby ûntdutsen dat er noch gjin wittenskiplike namme hat. Symbions komme foar op 'e hierkes by de bek fan ferskate kreeftesoarten, dêr't se libje fan 'e lytsere, yn it wetter omdriuwkeljende itensdieltsjes dy't frijkomme as de kreeft syn proai lytsman makket. Om't se de kreeft gjin inkele lêst besoargje, wurde se net sjoen as parasiten, mar as kommensalisten.

Soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.