Constanter
Constanter wie in literêr-wittenskiplike stúdzje-rûnte yn Ljouwert fan 1819 oant 1857. Constanter hie grutte ynfloed op it Fryske kultuerele libben en wie besibbe oan de rûnte fan it Frysk Genoatskip.
De dichter en skiedkundige Jonkhear A. van Halmael en griffier Jacob van Leeuwen wiene de oprjochters; lid wiene ûnder oaren J. D Ankringa, Jacob Roorda, Franciscus Binkes, G. T. N. Suringar, Albartus Deketh en A. Telting. De Constanter rûnte wie besletten en hat heechút út 10 leden bestien.
De leden liezen en beoardielen skiedkundige ferhannelingen en dichtwurk fan de leden, oefenen yn de retoarika, mar foaral wie men dwaande mei it lêzen en besprekken fan wurk fan Nederlânske dichters sa as Constantijn Huygens, Joost van den Vondel of Spieghel. Nei de besite fan John Bowring oan Constanter krige it in mear Frysk-nasjonaal karakter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Constanter. |