Jan Meulendijks
Jan Meulendijks (Helmond, 18 augustus 1942) is in sjoernalist, útjouwer, puzelmakker en betinker fan telefyzjekwissen.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As soan fan in winkelman gie er nei it HBS-A eksamen en studearre er Nederlânsk oan de Katholieke Leergangen yn Tilburg. Hy wurke foar de Helmondse Courant en de Geïllustreerde Pers as mediasjoernalist. Yn 1968 makke hy syn earste krúswurdpuzel, yn 1978 ferskynde syn earste kryptogram yn De Volkskrant. Hy rjochte doe in eigen útjouwerij op dy't puzels levere oan ferskate kranten. Der wienen minsken dy't spesjaal foar syn kryptogram de krante kochten. Fierders makke er puzels foar Margriet en Nieuwe Revu. Yn 2008 fierde Jan syn 40-jierrich jubileum en ferskynde syn 25.000e puzel. Meulendijks begûn mei Bart Schuil yn in keammerke oan de Utertsedwersstrjitte yn Amsterdam.
Tegearre mei syn partner Schuil betocht er it earste belspultsje op telefyzje: Een horizontaal. Hy wie de betinker fan de measte bekende puzel- en kwiseftige programma's op telefyzje. Fierders levere hy puzels foar kranten, tydskriften en puzelboekjes. Yn it earstoan leveren se allinnich ideeën oan foar de telefyzje mar produsearren de programma's hieltiten faker.
Al gau rjochten se Win Tv Productions op. Se wienen dêrmei de earste telefyzjeprodusinten fan Nederlân. De programmaformats waarden in soad kopieard, wêrnei't se de formats fêstleinen yn Amearika en gie it harren finansjeel foar de wyn. Yn 1997 ferkochten se de saak oan Endemol en begûnen tegearre in hannel yn antyk. Harren hûs is dan ek hielendal resteaurearre yn 18e-iuwske styl.
Mei Bart Schuil betocht er:
- Puzzeluur (Mei Jos Brink)
- Tien voor Taal
- Babylonië
- Wie-kent-kwis
- Op goed geluk
- Dinges
- Einstein
- Prijzenslag
- Prijs je Rijk
- Herexamen
- Vijf tegen Vijf
Oer de rjochten fan Lingo en Babylonië hat eartiids in soad strideraasje west. De puzelboekjes waarden ferkocht oan Keesing. Hy organisearret yn syn Amsterdamske Staetshuys literêre jûnen en klassike konserten. Yn 2007 is er troud mei Bart Schuil. Se waarden as earste homospan riddere troch keninginne Beatrix foar harren fertsjinsten.
Utjeften
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Spreekwoordelijk Nederlands
- Anagrammenwoordenboek
- Herexamen
- Tien voor Taal
- Vreemd Nederlands (1993)
- Het leukste uit Dinges
- Tien voor Taal kryptowurdboek (1995)
- Nog meer leuks uit Dinges
- Topscore woordenmaat
- Cryptoniemen (1997)
- Doe nu zelf Herexamen
- Het nieuwe cryptowoordenboek
- Tien voor Taal cryptoniemen (2002)
- Het grote Cryptowoordenboek (2002)