Godeke Michels
Gödeke Michels (? - Hamburch, 1402), ek wol Gödeke Michelis of Gottfried Michaelsen neamd, wie in piratelieder fan de Likedielers.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Klaus Störtebeker, Hennig Wichmann en Magister Wigbold, dy't ek lieders fan de Likedielers wiene, makke hy ein 14e iuw de Noardsee en Eastsee ûnfeilich. Se hienen snelle skippen dêr't se hurd mei by de Hânze skippen komme koenen om dy te interjen. It gie se benammen om bút en net om it fjochtsjen, sadat dejingen dy't har net ferdigenen meastentiids oerboard smiten waarden.
Begjin 1400 besleat de Hânze om mei de Hollânske stêden de Likedielers oan te pakken. By in seeslach op de Westeriems waard har in swiere slach tabrocht. Yn 1401 waard troch de Hânze noch in fleat by elkoar brocht en kaam it yn datselde jier ta in seegefjocht by Helgolân. De Likedielers ferlearen de slach en waarden finzen nomd.
Gödeke Michels waard yn 1402, koart nei Klaus Störtebeker, tagelyk mei 73 kompanen terjochtsteld op de Grasbrook yn Hamburg.