Springe nei ynhâld

Tanne Kankena

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mai 2017 om 22.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
De Beningaboarch yn Dornum, dêr't Kankena it lêste jier fan syn libben wenne hat.

Tanne Kankena (* …? - † 1461) wie in Fryske haadling út it Harlingerlân. De boarch fan de haadlingefamylje Kankena stie yn it plak Wittmund.

Yn it jier 1400 waard de haadlingefamylje Kankena troch de Hânze út harren boarch yn Wittmund set. De Hânze wie om 1400 hinne drok dwaande mei it bestriden fan seerôvers lykas de Fiktaaljebruorren en de Likedielers. De Hânze hie de haadlingefamylje fan de boarch helle omdat se goed kontakt hawwe soenen mei de seerôvers en mooglik dêrmei gearwurken. De Hânze joech de boarch letter oan de haadlingefamylje tom Brok. De Kankena's krigen de boarch werom doe't Tanne Kankena en syn bruorren Hedde en Here yn 1425 taseinen dat se har oan in ferdrach mei tom Brok hâlde soenen.

Yn 1427 en 1430 slút Tanne Kankena him oan by Fokko Ukena, dy't as lieder fan it ferset tsjin de haadlingefamylje tom Brok yn it ferhef kaam. Under Ukena nimt Kankena diel oan de Slach op de Wylde Ikkers, dêr't Okko II tom Brok ferslein waard. Fokko Ukena koe net lang de macht hâlde yn East-Fryslân. Yn 1433 waard er troch it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen ferslein. Under it bewâld fan de Sirksena's waard Tanne Kankena yn 1441/42 finzen set. Edzard Sirksena naam de Westerboarch yn syn besit, dy't neilitten wie oan Tanne Kankena syn frou Idze. Yn 1454 waard Tanne Kankena fan syn Kankenaboarch yn Wittmund ferdreaun troch Sibet Attena (Sibet fan Dornum). Yn 1461 kriget Tanne Kankena de Beningaboarch yn Dornum werom as kompensaasje.