Springe nei ynhâld

Burgess Roye

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 apr 2017 om 22.52 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Burgess Roye
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Burgess Stewart Roye
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 oktober 1944
berteplak White Eagle (Oklahoma)
stoarn 15 febrewaris 2015
stjerplak White Eagle (Oklahoma)
etnisiteit Ponka
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
jierren aktyf 19702015
offisjele webside
www.burgessroyeart.com

Burgess Roye (folút: Burgess Stewart Roye; White Eagle (Oklahoma), 30 oktober 1944 – dêre, 15 febrewaris 2015) wie in Amerikaansk keunstskilder fan etnysk Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roye waard yn 1944 berne yn White Eagle, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma, as de soan fan Thurston Page Roye en dy syn frou Doris. Hy wie in folbloed Ponka-Yndiaan en in lid fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma. As jongfolwoeksene makke er in drege tiid troch en kaam er geregeldwei yn oanrekking mei de plysje.

Yn 1970 feroare syn libben lykwols, doe't Roye syn talint foar skilderjen ûntdiek. Dat talint sette er neitiid yn om te helpen by it behâld fan 'e skiednis en de kultuer fan 'e Ponka. Roye wurke as keunstskilder in protte gear mei syn jongere broer Paladine Roye. Yn 1982 waard harren wurk mei dat fan harren mem yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan Oklahoma as Amerikaanske steat tentoansteld troch it Histoaryske Genoatskip fan Garfield County en it Museum fan de Sjeroky Stripe. Yn 1996 makken Burgess en Paladine Roye grutte muorreskilderings op it gerjochtsgebou fan Garfield County as taakstraf dy't se oplein krigen hiene foar riden ûnder ynfloed.

Burgess Roye wie troud mei Rebecca, in blanke frou, mei wa't er fjouwer dochters krige: Burgaline, Tierra, Sierra en Burma. Tsjin 'e tiid fan syn dea hied er fierders acht pakesizzers en trije oerpakesizzers. Burgess Roye kaam op 15 febrewaris 2015 yn syn wente yn White Eagle te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 70 jier. Nei syn kremaasje waard syn jiske op syn eigen fersyk fertruid yn 'e Rocky Mountains.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: