Springe nei ynhâld

Pidgin

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 jul 2015 om 23.07 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (sjoch ek)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In pidgin of pidzjin is in taal mei in sterk ferienfâldige grammatikale struktuer, in beheind leksikon en in frij lyts skala oan stylfoarmen. Pidgins binne de memmetaal fan net ien, mar ûntsteane as de leden fan twa ûnderling ûnfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sûnder dat se dêrby har taflecht nimme kinne ta in trêde taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, wêrby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. Om't de driuw ta kommunikaasje yn sokke gefallen yn it ferline almeast hannel wie, wurde pidgins ek wol hannelstalen neamd.

De measte pidgintalen binne basearre op Westjeropeeske talen, in gefolch is fan 'e koloniale skiednis fan 'e measte Westjeropeeske lannen, dy't yn it ferline gebieten yn Afrika, Súd- en Súdeast-Aazje, Oseaanje en de Amearika's bemasteren. Guon pidgintalen binne sa nuttich bleken, dat se in semy-offisjele status bemachtige hawwe; sokke talen wurde "útwreide pidgins" neamd, fanwegen de ekstra foarmen dy't se ûntwikkele hawwe om oan it ferlet fan 'e sprekkers te foldwaan.

Pidgintalen moatte net betize wurde mei kreoalske talen, dy't ûntsteane as pidgintalen safolle sprutsen wurde dat se memmetaalsprekkers krije. Mei't der dan in ferlet ûntstiet ta it útdrukken fan in folle grutter ferskaat oan dingen, nimt de kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat yn sokke gefallen navenant ta. Dêrmei ferlieze sokke talen dan de wichtichste skaaimerken fan pidgintalen.

Foarbylden fan pidgintalen binne it Fanagalo, in pidginisearre foarm fan it Sûlû mei in beheinde ynbring fan it Ingelsk en it Afrikaansk, dy't benammen troch mynwurkers yn Súd-Afrika sprutsen wurdt; it Namibysk Swart Afrikaansk (of Küchendeutsch), in pidginfoarm fan it Dútsk dy't (grutdiels foarhinne) troch de swarte befolking fan Namybje ûnderling sprutsen waard; en it Russenoarsk, in taal dy't foarhinne yn noardlik Noarwegen sprutsen waard troch de pleatslike fiskersbefolking en Russyske keaplju (sjoch: Pomoaren).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 264.