Poieszboat
Appearance
De Poieszboat is de beneaming foar it fuotfear tusken Snits en Kolmarslân. De tsjinst fart allinnich yn de Snitswike.
De feartsjinst is neamd nei de yn Snits bekende famylje Poiesz. It famyljebedriuw Poiesz Supermerken is ien fan de jildsjitters. De skippen dy't foar dizze tsjinst brûkt wurde binne ûnder mear de "Toerist V" en de "Nanja". De fertsjinst fertrekt fanôf de 1e Easterkaai yn de binnenstêd fan Snits en fart sûnder ekstra stops rjochting it Kolmarslân en vice versa.
Tsjinstregeling (sneon oant en mei tongersdei) | |||||
---|---|---|---|---|---|
Snits, 1e Easterkaai | 9.00 | 11.00 | 13.00 | 15.00 | 17.00 |
Kolmarslân | 10.00 | 12.00 | 14.00 | 16.00 | 18.00 |
In inkele reis mei dit fear kostet €0,50. Op woansdei en snein wurdt fan de tsjinstregeling ôfwykt en wurdt ôf- en oan fard. As it skip fol is, folget fuort de ôffeart.