Springe nei ynhâld

Dr. Boumawei (Snits)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jun 2014 om 19.24 troch Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It doetiidske Sint Anthonius Sikehûs mei lofts foar de Stasjonswei

De Dr. Boumaweg is in strjitte yn Snits, dy't fan de oerdyk by de Parkstrjitte nei it stasjon rint.

De strjitte hiet oarspronklik de Stationswei, mar doe bliken die dat dat betizing opsmiet mei de Stasjonsstrjitte is de namme yn 1943 feroare. De strjitte waard doe neamd nei Gerben Nammens Bouma, dy't it inisjatyf naam hie foar it Sint Anthonius Sikehûs oan de Stasjonswei.

De strjitte rint fan de Parkstrjitte nei it plein foar it stasjon, dêr't er oanslút op de Kanaalstrjitte, de Stasjonsstrjitte en it Julianapark. Underweis komt der oan de súdkant earst de Sofiastrjitte op út en dan de Willemstrjitte. Oan de nooardkant rint it spoar fan Ljouwert nei Starum. Oan de strjitte leit ek de griene romte fan it Julianapark.