Amoer (rivier)
De Amoer (Russysk: река Аму́р, Sineesk: 黑龙江, Heilong Jiang, Mantsjoesk: Sahaliyan Ula) is in rivier yn it easten fan Aazje. Wat lingte oangiet is de Amoer de op acht nei grutste fan de wrâld en fjirde fan Ruslân. De rivier foarmet sûnt it Ferdrach fan Aigun út 1858 foar in part de grins tusken it easten fan Ruslân en de Sineeske regio Mantsjoerije.
Yn âlde teksten wurde beide siden fan de Amoer ek wol oantsjutte as Binnen-Mantsjoerije (besuden de rivier) en Bûten-Mantsjoerije of Russysk Mantsjoerije ( benoarden de rivier). De Russyske oblast Amoer benoarden en de Sineeske provinsje Heilongjiang besuden de rivier binne nei de Amoer ferneamd.
Namme yn ferskillende talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sineesk: pinyin: Heilong Jiang; "swarte drakerivier"
- Tradisjoneel Sineesk: 黑龍江
- Ferienfâldige Sineesk: 黑龙江
- Mantsjoesk: Sahaliyan Ula; "swarte rivier"
- Mongoalsk: Хар Мөрөн; Har Mörön; "swarte rivier"
- Russysk: Амур; Amoer; fan it Evenkse amor (of tamur); "grutte rivier"
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amoer ûntstiet út de noardlike rivier de Sjilka, dy't har boarnen yn it Hentigberchtme hat yn Mongoalje en de súdlike rivier de Argoen, dy't ûntspringt yn it Grutte Hinggangeberchtme yn it noardeasten fan Sina en de grinsrivier foarmet tusken Ruslân en Sina ten westen fan de Amoer. Beide rivieren komme byelkoar om de Amoer te formjen by it Sineesk doarpke Moguhe yn de provinsje Heilongjiang. De rivier streamt ferfolgens eastwaarts troch in farieare lânskip fan woastinen, steppe, toendra en taiga yn de rjochting fan de Grutte Oseaankust. Wat te súdwesten fan de Russyske stêd Nikolajevsk streamt de rivier fia har mûning, de Amoerske liman, yn de Strjitte fan Nevelskoj, part fan de Tataresont, dy't it eilân Sachalin skiedet fan it fêstelân. De Tatarensont stiet fuort yn ferbining mei de See fan Ochotsk noardlik derfan en de Japanske See súdlik derfan.
De wichtichste sydrivieren binne de Zeja, Boereja, Amgoen, Songhua, Toengoeska, Oessoeri en de Anjoej. Fia de sydrivier Oechta is sy ferbûn mei de Oedylmar.
As de sydrivier de Onon fan de Sjilka meirekkene wurdt, hat it riviersysteem fan de Amoer in lingte fan goed 4000 kilometer.
Stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Amoer lizzen de folgjende stêden:
Sina
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ruslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blagovesjtsjensk
- Chabarovsk
- Komsomolsk (oan de Amoer)
- Amoersk
- Nikolajevsk (oan de Amoer)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amoer Rivier fan Wikimedia Commons. |