Verchotoerje
Verchotoerje | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
oblast | Sverdlovsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.578 (2023) | |
Oerflak | 9 km² | |
Befolkingsticht. | 730 ynw./km² | |
Hichte | 115 m (sintrum) | |
Oar | ||
Stifting | 1578 | |
Tiidsône | UTC+5 | |
Koördinaten | 58° 52' N 60° 48' E | |
Offisjele webside | ||
adm-verhotury.ru | ||
Kaart | ||
Verchotoerje (Russysk: Верхотурье; oerset: "Boppe de Toera") is ien fan 'e âldste Russyske plakken eastlik fan 'e Oeral en it âldste plak fan 'e oblast Sverdlovsk. It leit likernôch 300 kilometer noardlik fan Jekaterineburch oan 'e lofter kant fan 'e Toera, in sydrivier fan 'e Tobol.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 1597 as in ostrog op it plak fan 'e Mansyske delsetting Neromkarr stifte by in ekspedysje fan Vasili Golovin en Ivan Vojejkov. Al gau waard it plak in bestoerlik sintrum foar de kolonisaasje fan it gebiet. Oant healwei de 18e iuw wie it sels in wichtich ekonomysk sintrum foar Sibearje. Om dy tiid hinne hellen lykwols Jekaterineburch en Pervo-oeralsk Verchotoerje yn. De stêd waard sûnt dy tiid in belangryk otterdoks sintrum en is dat noch jimmeroan.
Yn 1926 ferlear it plak de status fan stêd, dy't yn 1947 werom jûn waard.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte dielen fan 'e âldste stêd binne bewarre bleaun, it neamen wurdich binne û.o.:
- It kremlyn fan Verchotoerje: it iennige kremlyn fan de Sintrale-Oeral; tusken 1699 oant 1712 yn stien werboud. It is it jongste en lytste kremlyn fan Ruslân. Yn it kremlyn stiet de barokke Trije-ienheidskatedraal.
- It Pokrovski-kleaster (Foarbeakleaster; it earste nonnekleaster fan Sibearje).
- It Nikolaaskleaster, dat ta de grutste kleasters fan it lân heart.
- De houten arsjitektuer yn 'e stêd.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1856 | 1897 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 1992 | 2000 | 2010 | 2015 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 3.000 | 3.200 | 10.917 | 9.688 | 8.966 | 8.973 | 9.000 | 8.400 | 8.820 | 8.748 | 8.525 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Verchotoerje fan Wikimedia Commons. |