Springe nei ynhâld

Barentssee

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 mrt 2024 om 21.41 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Eilannen en eilannegroepen: korr)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Barentssee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje n. fan Noarwegen en
   Jeropeesk-Ruslân
lân   Noarwegen
Ruslân
koördinaten 75° NB 40° EL
ûnderdiel fan Noardlike Iissee
sifers
maks. lingte 1.300 km
maks. breedte 1.050 km
oerflak 1.400.000 km²
djiptegemiddelde 230 m
djipste punt 600 m
wetterfolume ±314.000 km³
Kaart fan de Barentssee.
Kaart fan de Barentssee.

De Barentssee (Noarsk: Barentshavet, Russysk: Баренцево море) is in part fan de Arktyske Oseaan, it leit noardlik fan Ruslân en Noarwegen. Beide lannen binne it net iens oer de lokaasje fan de seegrins.[1] De Barentssee hat in djipte fan trochstrings 230 meter, it djipste plak leit op 600 meter.

De see wurdt omfieme troch Spitsbergen yn it noardwesten, de eilannen Franz Joseflân en Nova Sembla yn it noardeasten en easten, Ruslân yn it súdeasten en Noarwegen yn it súdwesten.

Yn de Midsiuwen waard de see wol de Moerman See neamd, de hjoeddeiske namme komt fan de Nederlânske seefarder Willem Barents. Barents wie lieder fan in iere ekspedysje nei it fiere noarden, oan de ein fan de 16e iuw.

De earste folsleine hichtekaart fan de boaiem fan de see waard publisearre yn 1933 troch seegeologe Maria Klenova.

Under de Barentssee lizze grutte mannichten fossile brânstoffen. Fan de jierren '70 fan de 20e iuw ôf is begûn mei de eksplotaasje dêrfan, sawol de Noaren as de Russen hawwe grutte ierdoaljefynsten dien yn de see. It earste oaljefjild dat no iepensteld wurdt is it Noarske Snøhvit. It Sjtokmanfjild yn de Russyske sektor is lykwols it grutste oaljefjild dat oant no ta fûn is.

Yn de Barentssee sonk op 12 augustus 2000 de atoomûnderseeër Koersk nei de boaiem. Alle 118 minsken dy't oan board wienen kamen om it libben.[2]

Troch de relatyf hege wettertemperatuer is de biomassaproduksje dúdlik heger as yn oare seeën op fergelykbere geografyske breedten. Yn de maitiid begjint de algenbloei mei de produksje fan fytoplankton, dêrop folget de soöplankton, dy’t op syn beurt wer ûnderdiel útmakket fan it dieet fan fisken, seefûgels en seesûchbisten.

It súdlike part fan de Barentssee, de havens fan Moermansk (Ruslân) en Vardø (Noarwegen) meirekkene, bliuwe it heule jier troch iisfrij troch de Noard-Atlantyske wetterstream. Yn septimber is de heule Barentssee eins hielendal iisfrij. Oant de Winterkriich hie ek Finlân lân oan de Barentssee, de haven fan Petsamo oan de see wie doe de ienichste haven fan it lân dy’t it heule jier troch iisfrij wie.

Der binne trije grutte wettersoarten yn de Barentssee: waarm, sâlt Atlantysk wetter (temperatuer >3 °C, saliniteit >35) fan de Noard-Atlantyske wetterstream, kâld Arktysk wetter (temperatuer <0 °C, saliniteit <35) fan it noarden, en waarm, mar net tige sâlt kustwetter (temperatuer >3 °C, saliniteit <34,7). Tusken it wetter fan de Atlantyske Oseaan en it wetter fan de Noardpoal ûntstiet in front, it Poalfront.

Eilannen en eilannegroepen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Barentssee lizze de neikommende eilannen en eilannegroepen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van wie is de Noordpool?, Jaap de Wilde (sjoen op 22 desimber 2009)
  2. Na negen dagen is het officieel: 118 doden Trouw, 22 augustus 2000 (sjoen op 22 desimber 2009)