Springe nei ynhâld

Grigori Raspûtin

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 feb 2024 om 16.36 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Literatuer: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grigori Raspûtin

Grigori Jefimovitsj Raspûtin (Pokrovskoje, 22 jannewaris 1869 - Petrograd, 30 desimber 1916) wie in Russyske muonts en yntrigant. Hy kaam oarspronklik út in boerefamylje yn it distrikt Tjoemen yn Sibearje.

Hy wurdt betiden de 'gekke muonts' neamd, mar it wie gjin geheim dat er troud wie en oaren neamden him in religieuze pilgrim en gebedsgenêzer. Hy spile in wichtige rol oan it hof fan de lêste Russyske tsaar Nicolaas II en hie dêrtroch direkt of yndirekt mei ynfloed op de fal fan it tsarisme en de opkomst fan it bolsjewisme.

Raspûtin mei syn bern

Oer him giet it ferhaal dat er troch de himmelse mem oanrekke wêze soe en frege wie om njonken it bêd te ferskinen fan de jonge tsarevitsj Aleksej om syn blieden te stopjen. Dat blieden waard feroarsake troch de stjurringssykte hemofily dêr't bliedingen yn it yngewant by ûntstean kinne dy't net op tiid stoppe wurde kin. By sa'n blieding hie de tsarevitsj slimme pine en ôfhinklik fan wêr't de blieding wie, koe de jonge him net goed bewege. Dat wie ek de reden dat er faak in skoft net rinne koe. De prins hie dizze (erflike) sykte krigen troch syn mem, de beppesizzer fan keninginne Victoria, dy't draachster fan de sykte wie. As draachster hie sy de sykte sels net, mar koe him wol fia har genen trochjaan oan har bern.

Doe't Raspûtin yn 1905 yn Sint-Petersburch arrivearre, kaam hy net fuortendaliks by de tsjarenfamylje terjocht; hy krige pas yn 1907 foar it earst kontakt mei de tsarina doe't er by har roppe waard. Syn oanwêzigens hie effekt op de jonge, want alle kearen as er ferskine fielde dy him fuort dêrnei in stik better. Raspûtin krige op dizze wize in grutte ynfloed op it hof en beskikte oer in grutte kloft bewûnderers.

Omdat er in soad ynfloed hie oan it hof en op de Russyske polityk en sadwaande oer in protte macht hie en fral fanwege it feit dat er yn de Earste Wrâldkriich troch guons as in Dútsk spion sjoen waard, waard hy troch de Russyske adel as in gefaar beskôge. Neffens guon byleauwige Russen soe er sels oer in duvelske macht beskikke.

Raspûtin waard yn de nacht fan 29 op 30 desimber 1916 troch de Russyske prins Feliks Jûsûpov yn syn paleis te Petrograd om hals brocht.

It lyk fan Raspûtin
  • Edvard Radzinski: Raspoetin; de bezeten monnik (Utjouwerij Balans, 2001)
  • Ton Jansen: De Balkan is geen oorlog waard! Raspoetin, Rusland en de Eerste Wereldoorlog. De moordaanslag van 12 juli 1914 (Utjouwerij Palladion, 2014)