Pokrovskoje (Oblast Tjûmen)

Ut Wikipedy
It doarp mei de tsjerke yn 1912, foto Sergej Prokûdin-Gorsky

Pokrovskoje (Russysk: Покровское) is in doarp (selo) yn it distrikt Jarkovski yn de oblast Tjûmen, Ruslân. Pokrovskoje is benammen bekend om't it it berteplak fan Grigori Raspûtin is.

It doarp leit oan de rivier de Tûra, likernôch 80 km. eastlik fan Tjûmen.

Yn de tiid dat Raspûtin hjir libbe hie it doarp mar in pear strjitten mei houten hûzen. Yn it sintrum stiet in grutte wite tsjerke mei in fergulde koepel.[1]

Raspûtin die de profesije dat tsaar Nikolaas en syn famylje ienris syn bertedoarp sjen soene. De keizerlike famylje hie der om lake om't it doarp mear as 2.500 km. fan Sint Petersburch op in fierôf plak yn Sibearje lei. Mar by harren lêste reis nei Jekaterineburch, dêr't de famylje eksekutearre wurde soe, passearre de famylje yndied Pokrovskoje. Flak by it hûs fan Raspûtin hold it konfoai mei de keizerlike famylje halt om de hynders te ferwikseljen. Raspûtin's widdo Prasjkoja seach fan efter har raam nei ûnderen en doe't har eagen de keizerin moeten sloech hja foarsichtich in krús, de Russyske wize om ien te segenjen.[2]

Hjoeddedei stiet der yn it doarp in museum dat wijd is oan Raspûtin.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. russia-ic.com
  2. The Fate of the Romanovs, Greg King, Penny Wilson, ISBN 1312333812