Bisdom Limburch
Bisdom Limburch | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | Keulen | |
Katedraal | Dom fan Limburch/Lahn | |
Hiemside | bistumlimburg.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 1827 | |
Hierargy | ||
Biskop | Georg Bätzing | |
Statistyk | ||
Oerflak | 6.182 km² | |
Befolking | 2.484.000 (2020) | |
Wêrfan katolyk | 624.975 (25,2%, 2020) | |
Dekenaten | 11 (2019) | |
Parochy's | 116 (2019) | |
Lokaasje bisdom Trier (brún) yn Dútslân |
It bisdom Limburch (Dútsk: Bistum Limburg; Latyn: Dioecesis Limburgensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Dútslân, dat foar in part yn Rynlân-Palts en in part yn Hessen leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bisdom waard nei de sekularisaasje yn it ramt fan 'e reorganisaasje fan 'e bisdommen yn 1827 stifte. Foarhinne hearde it gebiet ta de aartsbisdommen Trier en Mainz, wêrby it noardwestlike diel by Kar-Trier hearde en dus ek foar wat wrâldske saken oanbelanget fanút Trier bestjoerd waard. Bisdom Limburch heart dus by de jonge katolike bisdommen fan Dútslân. De earste Limburger biskop wie fan 1827 oant 1833 Jakob Brand.
It bisdom bestiet út it eardere hartochdom Nassau, de stêd Frankfurt am Main, it lângreefskip Hessen-Homburg en de yn 1974 ophefte lânkring Biedenkopf.
Sûnt 1929 waard it bisdom yn it ramt fan it Prusyske Konkordaat in suffragaan bisdom yn 'e tsjerkeprovinsje Keulen.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal fan it bisdom Limburch is de Sint-Joarisdom yn Limburch oan de Lahn.
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Joaris is de patroanhillige fan it bisdom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bistum Limburg (ferzje 8 febrewaris 2024)
|