Springe nei ynhâld

Aartsbisdom Bamberg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 jan 2024 om 20.34 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Side makke mei "{{Ynfoboks bisdom | namme = Aartsbisdom Bamberg ''Erzbistum Bamberg'' | ôfbylding = | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | wapen = 100px | lân = {{Flagge DE}} Dútslân | aartsbisdom = | biskopssit = | katedraal = Dom fan Bamberg | patroanhillige...")
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Aartsbisdom Bamberg

Erzbistum Bamberg

Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Katedraal Dom fan Bamberg
Patroanhillige Kunigunde fan Lúksemboarch
Otto fan Bamberg
Sebaldus fan Neurenberch
Hiemside www.erzbistumbamberg.de
Skiednis
Oprjochting 1 april 1818
Hierargy
Aartsbiskop Herwig Gössl
Statistyk
Oerflak 10.288 km²
Befolking 2.117.000 (2021)
Wêrfan katolyk 607.000 (28,7 %, 2022)
Dekenaten 10 (2021)
Parochy's 346 (2018)
Lokaasje aartsbisdom Bamberg yn Dútslân.
Lokaasje aartsbisdom Bamberg yn Dútslân.

It aartsbisdom Bamberg (Dútsk: Erzbistum Bamberg; Latyn: Archidioecesis Bambergensis) omfiemet grutte dielen fan Opper-Franken en Middel-Franken en in lyts diel fan Neder-Franken (Iphofen) yn Dútslân.

Op de rykssynoade fan 1007 yn Frankfurt krige Hindrik de Hillige tastimming om út dielen fan 'e bisdommen Eichstätt en Würzburg it nije bisdom Bamberg te stifsjen. It nije bisdom foel fuort ûnder Rome. Ek waard besletten om de kânsler Eberhard te wijen as de earste biskop fan it nije bisdom. Om it bisdom in sûn fûnemint te jaan krige it bisdom belangrike skinkings, dy't yn dokuminten fêstlein waarden.

Hindrik woe yn syn favorite bisdom de moniale strangens fan it Hildesheimer domkapittel, dêr't er sels oplaat wie, en de doe ferneamde stúdzjewarberens fan Luik meiïnoar ferbine.

It bisdom waard ynearsten ûnder Mainz en sûnt 1245 fuort ûnder Rome steld en hie in grutte bestjutting by it kerstenjen fan 'e tusken de Main en de Regnitz wenjende Slaven. De earste opfolger fan Eberhard, Suitger fan Morsleben, waard yn 1046 paus Klemens II. Hy soe de iennige paus wurde, dy't noardlik fan 'e Alpen yn Bamberg begroeven waard.

Yn 'e 13e iuw waard it bisdom in foarstedom en de earste prinsbiskop wie Hindrik I.

De reformaasje hie grutte ynfloed yn Franken. Yn'e rin fan 'e 16e iuw waarden de measte tsjerken protestantsk. De barokke biskoppen, dy't tagelyk de lânshearen fan it heechstift Bamberg mei mear as 200.000 ynwenners wiene, hiene in grutte foarleafde foar keunst en wittenskip. In soad kultureel erfgoed lykas tsjerken en slotten tsjûgje ek no noch fan 'e kulturele bloei fan it gebiet.

By de sekularisaasje fan 1802-1803 kaam der in ein oan it prinsbisdom Bamberg en de wrâldske macht fan de tsjerkefoarsten. It prinsbisdom waard ûnderdiel fan it keninkryk Beieren. Nei it yn 1817 sletten konkordaat fan Beieren reorganisearre paus Pius VII op 1 april 1818 mei in bul de yndieling fan de Beierske bisdommen. Bamberg waard de sit fan in aartsbiskop mei de suffragaanbisdommen Eichstätt, Spiers en Würzburg. Mei in pauslik dekreet fan 1826 waarden de katoliken fan it hartochdom Saksen-Coburg by it aartsbisdom Bamberg foege.

Bamberger Dom.

De haadtsjerke fan it bisdom is de oan Sint-Piter en Sint-Joaris wijde domtsjerke yn Bamberg.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Bamberg fan Wikimedia Commons.