Springe nei ynhâld

Steatspark

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 jan 2024 om 02.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (typfl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Steatspark Babcock yn 'e Amerikaanske steat West-Firginia.

In steatspark is in natoergebiet of (yn 'e Feriene Steaten) in plak fan histoarysk belang. It hat in beskerme status dy't ynsteld is troch it regear fan in dielsteat. It liket sadwaande op in nasjonaal park, in natoergebiet mei in beskerme status, ynsteld troch in nasjonaal regear. Om't dielsteaten minder foech hawwe as nasjonale regearings, hawwe steatsparken ornaris in legere beskerme status as nasjonale parken. Almeast binne steatsparken ek lytser as nasjonale parken, hoewol't op dy regel guon útsûnderings besteane, lykas it Steatspark Wood-Tikchik yn Alaska. It komt wol foar dat in natoergebiet earst in steatspark wurdt en letter erkenning fan it nasjonale regear kriget en dan opklimt ta nasjonaal park.

Steatsparken komme benammen foar yn 'e Feriene Steaten, dêr't elts fan 'e fyftich steaten ferskate steatsparken ynsteld hat. Dêrnjonken komme steatsparken ek foar yn Brazylje, guon steaten fan Meksiko en de Australyske steaten Fiktoaria en Nij-Súd-Wales. Yn fjouwer oare lannen, te witten: Argentynje, Belgje, Kanada en Súd-Afrika, komt in soartgelikens type natoergebiet foar dat provinsjaal park hjit, om't dy lannen net ferdield binne yn dielsteaten, mar yn provinsjes. It âldste steatspark fan 'e wrâld is it Steatspark Niagara Falls yn 'e Amerikaanske steat New York, dat oprjochte waard yn 1885.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.