Springe nei ynhâld

Protestantske tsjerke fan Noardwâlde (Weststellingwerf)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jan 2024 om 13.02 troch Hurkonides (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Protestantske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Noardwâlde
adres Haadstrjitte East 57
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1640; toer: 1874
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38863
offisjele webside
Protestanske gemeente Lindestreek

De Protestanske tsjerke fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf is in tsjerkegebou fan de PKN gemeente Lindestreek.

De tsjerke mei it noardlike dwersskip foar de ôfbraak yn de jierren 1960

Yn 1640 waard op de fûneminten fan in âldere tsjerke in hjoeddeiske protestantske tsjerke fan Noardwâlde boud. Dêrby waard gebrûk makke fan âldere dielen fan de foargonger. Mooglik is de westlike muorre dêrby bewarre bleaun. Doe't yn de 19e iuw it ynwennertal fan Noardwâlde hurd oanwoeks, moast de tsjerke útwreide wurde. Yn dy tiid waard oan de noardlike kant dwers op in âlde skip in nije beuk boud. It geveltuorke waard yn 1874 tafoege en ferfong in klokkestoel. By de restauraasje fan 1960-1967 is de noardlike beuk ôfbrutsen en waard it oarspronklik oansjen fan de tsjerke wer rekonstruearre.

De PKN gemeente Lindestreek is yn febrewaris 2011 ûntstien út de protestantske gemeenten fan Steggerda, Finkegea, De Hoeve en Noardwâlde. De grifformearde tsjerke fan Noardwâld is net yn it fúzjeproses meigien en hat him oansletten by de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Preekstoel en doophek mei de twa kroanen datearje út de 17e iuw. De tsjerke wurdt troch in iken wand fan it portaal ôfskieden.

Yn 1876 boude L. van Dam en Soannen it oargel fan de tsjerke, dat yn 2008 troch Bakker & Timmenga restaurearre waard. Oarspronklik stie it oargel yn it noardlike dwersskip. Nei de ôfbraak fan it dwersskip yn de jierren 1960 ferhûze it ynstrumint nei de westlike galerij. By de restauraasje yn 2008 waard it oargel nei foarren helle en yntegrearre yn de balustrade. Dêrtroch rint no de meast westlike lûkbalke dwers troch it ynstrumint hinne. Ek it sûnt de jierren 1960 ûntbrekkende houtsnijwurk oan it front is by de restauraasje wer oanfolle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Disposysje oargel

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: