Springe nei ynhâld

Kersekapel (Kevelaer)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jan 2024 om 10.21 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kersekapel

Kerzenkapelle

De kapel yn 2023
De kapel yn 2023
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak Kevelaer
adres Kapellenplatz
koördinaten 51° 35' N 6° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Münster
Arsjitektuer
boujier 1643-1645
boustyl gotyk
Kaart
Kersekapel (Noardryn-Westfalen)
Kersekapel

De Kersekapel (Dútsk: Kerzenkapelle) is in oan Sint-Michael kapel yn 'e Dútske beafeartsstêd Kevelaer.

Ynterieur

De Kersekapel is de âldste beafeartstsjerke yn 'e stêd Kevelaer en waard noch yn 'e tiid fan 'e Tritichjierrige Kriich (1618-1648) tusken 1643 en 1645 boud.

De sealtsjerke is fan binnen 30 meter lang, likernôch 10 meter breed en 15 meter heech. It ienskippige gebou fan bakstien is sûnder toer, mar hat in dakruter. Letter waard noch in sakristy oan 'e tsjerke tafoege.

De patroanhillige fan de tsjerke is de aartsingel Sint-Michael.

Yn 'e kapel steane in soad beafeartskersen, faak fersierd mei wapens fan 'e plakken dêr't se wei komme. Oan 'e noardlike bûtenmuorre fan 'e tsjerke baarne pylgers harren eigen devoasjekersen.

Yn 'e kapel stiet in oargel, dat yn 1990 troch de oargelboufirma Romanus Seifert & Sohn út Kevelaer boud waard. It oargel stiet efter in âldere oargelkas út it jier 1843, dat troch de oargelbouwer Wilhelm Rütter út Kevelaer boud waard. De disposysje fan it hjoeddeiske oargel is basearre op it âlde Rütter-oargel en bestiet út 24 registers. De traktueren binne mechanysk.

Yn it ramt fan 'e renovaasje fan 'e klokkestoel yn 'e dakruter waarden yn 2007 twa nij klokken oanskaft, dy't foar in part út it materiaal fan 'e âlde klokken getten waarden. De twa klokken waarden yn 'e klokkejitterij fan 'e benediktynske abdij Maria Laach getten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: