Dom fan Passau
Sint-Stefanusdom | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
plak | Passau | |
adres | Domplatz | |
koördinaten | 48 °34' N 13 °27' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Passau | |
patroanhillige | Stefanus | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Hans Krumenauer, Ulrich Seidenschwanz (sûnt 1439) Jörg Windisch (sûnt 1466) Hans Glapsberger (16e iuw) | |
boujier | 1221–1662 | |
boustyl | Barok | |
Webside | ||
Side fan it bisdom | ||
Kaart | ||
De Sint-Stefanusdom yn 'e Dútske stêd Passau is de sit en haadtsjerke fan it bisdom Passau en stiet op it heechste punt fan 'e binnenstêd, 13 meter boppe it nivo fan 'e Donau. De tsjerke waard nei in grutte stedsbrân yn 1668 wer opboud en hat it grutste barokke ynterieur noardlik fan 'e Alpen. Yn 'e dom stiet ien fan 'e grutste oargels fan 'e wrâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn likernôch it jier 450 hat der in tsjerke stien yn Batavis, de doedestiidske namme fan Passau. Sûnt 739 wie de tsjerke fan Passau in katedraal.
De bouaktiviteiten oan 'e Passauer dom binne oer fiif tiidrekken te ferdielen: de agilolfingyske biskopstsjerke fan 720, de tusken 1280 en 1325 iergoatyske dom, it letgoatyske eastlike diel út 1407-1560 en de tusken 1668 en 1693 barokke nijbou. De stedsbrân fan 1662 hawwe de sichtbere spoaren fan 'e earste tsjerken ferneatige. Fan 'e eardere tsjerken bleau allinne it letgoatyske, eastlike diel fan 'e dom bewarre.
De Italjaanske boumaster Carlo Lurago krige opdracht om nei de grutte brân de tsjerke mei behâld fan 'e noch restearjende goatyske dielen op 'e nij te bouwen. It ynterieur mei it rike stúkwurk en de alteropsetten yn 'e styl fan 'e Italjaanske heechbarok ûnstie ûnder de ferantwurdlikens fan Giovanni Battista Carlone. De fresko's binne ôfkomstich fan Carpoforo Tencalla. De beide westlike tuorren waarden yn 1898 neffens in ûntwerp fan Heinrich von Schmidt mei in achthoekige opbou en neobarokke sipels foltôge.
Oan 'e noardlike kant fan 'e domtsjerke leit de Domhôf. De eardere kleastergong fan 'e dom mei it goatyske portaal is in restant fan it eartiidske kleaster. Yn 1812 folge de ôfbraak fan dat kleaster. Fan 'e oarspronklik tsien kapellen oan 'e kleastergong binne der fjouwer oerbleaun. De útstalde grêfstiennen leine oant de jierren 1961-1962 yn 'e Andréaskapel (1300), mar binne oarspronklik ôfkomstich út de yn 1812 ôfbrutsen kapellen. De Andréaskapel (ek Herrenkapelle of eartiids Kreuzwegkapelle) is de grutste fan 'e fjouwer kapellen yn 'e Domhôf, it is ek ien fan 'e âldste halletsjerken fan Beieren. Súdlik dêrfan stiet de Sikstuskapel, it lêste rêstplak fan 'e ryksgreven fan it Ortenburg-skaai. Foar de Andréaskapel oer stiet op 'e westlike kant fan 'e Domhôf de Trennbachkapel, rêstplak fan biskop Urbanus fan Trennbach. Ek oan de westlike kant stiet de Lamberg-Kapel (of Salvatorkapel) mei it grêf fan kardinaal Johann Philipp fan Lamberg .
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It heechalter mei in skilderij fan 'e ûnthalzing fan 'e hillige Stefanus datearret út de jierren 1947-1953 en waard makke troch Josef Henselmann, dy't ek it liturgyske sintrum fan 1961 makke. It ferfong it alter dat oan it begjin fan 'e 19e iuw ferlern gyng.
De monumintale sydalters waarden tusken 1685 en 1693 troch Giovanni Battista Carlone boud.
Op 'e rjochter kant fan it haadalter steane (fan foar nei efter):
- it Marijealter;
- it alter fan Paulus' bekearing (mei in skilderij fan Johann Michael Rottmayr, 1693);
- it Martinusalter (mei in skilderij fan Johann Carl Resler fan Reslfeld);
- it Kristus-Berte-alter (it skilderij fan De Oanbidding fan de hoeders is fan Johann Andreas Wolff, 1698);
- it Sebastiaan-alter (it skilderij De fersoarging fan Sint-Sebastiaan troch Irene is fan Rottmayer).
Oan 'e lofter kant:
- it Agnesalter mei it tabernakel (skilderij Martlerskip fan de hillige Agnes is fan Rottmayr);
- it Trijekeningsalter (skilderij Oanbidding fan de hillige Trije Kenings fan Johann Caspar Sing, 1697);
- it Katarina-alter (skilderij Sint-Katarina foar de troan fan de Mem Gods fan Johann Carl Resler fan Reslfeld);
- it Jehannesalter (skilderij Unthalzing fan Jehannes de Doper, Rottmayr, 1693);
- it Maksimiliaan- en Valentinus-alter (Valentinus fan Passau en Maksimiliaan fan Lorch binne de beskermhilligen fan it bisdom).
De fergulde preekstoel waard tusken 1722 en 1726 troch de Weenske meubelmakker Johann Georg Series boud.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de stedsbrân gyngen ferskillende oargels fan 'e domtsjerke ferlern. Yn 1688 waard troch Leopold Freundt út Passau op de westlike galerij in nij oargel boud. Yn 1715 boude Johann Ignaz Egedacher twa oargels oan e pylders fan 'e krusing fan 'e tsjerke. De ryk fersierde oargelkas fan it haadoargel waard nei alle gedachten yn 1731 troch de byldhouwer Joseph Matthias Götz fike. De oare twa oargels hawwe in oargelkas út 1718 fan Joseph Hartmann. By in renovaasje yn 1858 ferhûzen de oargels fan 'e krusing nei de westlike sydgalerijen en sûnt flankearje se it haadoargel. It oargel oan 'e Evangeeljekant yn it noarden as Frânsk solo- en swelwurk en it oargel oan 'e Epistelkant yn it suden as Italjaansk-barok oargel. Nei't it haadoargel minder waard, boude Johann Ignaz Egedacher yn 1731 in nij haadoargel. Tusken 1886 en 1890 waard dat oargel ek ferfongen en ek dat oargel wie yn 'e rin fan e tiid net mear te bespyljen.
De firma Steinmeyer út Oettingen boude yn 1924 it hjoeddeiske oargel, dat mei Pinkster 1928 yn gebrûk nommen waard. Mei 208 registers wie it yn dy tiid it grutste oargel fan 'e wrâld, oant de bou fan it oargel fan 'e Atlantic City Convention Hall (1929-1932) yn Atlantic City, New Jersey, dat dûbel sa grut wie. Sûnt 1930 waarden de elektryske systemen modernisearre en oant 1971 de disposysje ferbettere.
It koeroargel yn 'e alterromte fertsjintwurdiget de Noarddútske barokke klankstyl. Boppe it tsjerkeskip is yn 'e dakkonstruksje in oargelkeamer, dêr't it saneamde Fernorgel ynboud is. It lûd fan it oargel kin de tsjerke binnenkringe troch it saneamde Hillige Geast-gat en is wat de disposysje oanbelanget letromantysk fan styl.
Meiïnoar hawwe de oargels 233 registers en 17.794 pipen. Alle fiif oargels kinne fanút ien spyltafel bespile wurde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|