Springe nei ynhâld

Glynis Johns

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 jan 2024 om 19.24 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Glynis Johns
akteur
Glynis Johns (1952)
Glynis Johns (1952)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Glynis Margaret Payne Johns
nasjonaliteit Britsk
berne 5 oktober 1923
berteplak Pretoria flagge fan Súd-Afrika
stoarn 4 jannewaris 2024
stjerplak Los Angeles flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Welsk
jierren aktyf 1938-1999

Glynis Margaret Payne Johns (Pretoria, 5 oktober 1923 - Los Angeles, 4 jannewaris 2024) wie in Britske film- en toanielaktrise.

Johns waard berne yn Pretoria, Uny fan Súd-Afrika. Har heit wie Mervyn Johns, in Welske akteur dy't bekendheid krige as stjer fan Britske films yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Har mem wie Alyce Steele-Wareham, in Australyske pianiste.[1]

Yn har jeugd wie Johns tige talintearre yn dûnsjen. Tsjin de leeftyd fan tsien wurke se as ballet-ynstrukteur. As dûnsstudint sammele Johns 25 gouden medaljes.

Se makke har skermdebút yn 1938 en waard yn 'e 1940-jierren bekend nei har rol as Miranda yn 'e film Miranda (1948).

Johns waard nominearre foar in Academy Award foar har rol as frou Firth yn The Sundowners (1960). Se waard nominearre foar in Golden Globe Award foar har rol as Teresa Harnish yn The Chapman Report (1962). Se spile frou Winifred Banks yn Walt Disney syn musical Mary Poppins (1964).[2]

Se wûn in Tony Award foar bêste aktrise yn in musical foar A Little Night Music (1972), wêryn't se Desiree Armfeldt spile yn 'e oarspronklike produksje.[3]

Johns gie mei pensjoen yn 1999. Se stoar op 4 jannewaris 2024 yn Los Angeles, yn 'e âldens fan 100 jier.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Glynis Johns New York Times
  2. Glynis Johns biography at Film Reference.com
  3. Glynis Johns The Guardian
  4. Glynis Johns BBC