Banpeal
In banpeal is in (meastal) stiennen peal dy't de grins fan de banne (it rjochtsgebiet) oanjout fan in stêd. Banpeallen joegen dêrmei ek de stedsgrinzen oan.
De jurisdiksje (it mêd dêr't de rjochtspraak op fan tapassing wie) fan de stêd hold by de banpeal op.
Ferbanning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'Banne' betsjut 'ferdriuwe' of 'útwize'. Ut de stêd bande persoanen waarden banneling of balling neamd. Hja mochten har net mear binnen it troch banpeallen markearre gebiet ophâlde. Se wienen 'yn de ban dien' troch it útsprekken fan de 'banflok': in fûnnis ta 'útbanning', ofwol 'ekskommunikaasje'. Dy persoanen libben tenei yn ballingskip.
Ferbanning is dus in foarm fan straf, bedoeld om gjin lêst mear fan ien te hawwen. At hy lykwols dochs binnen de banpeallen komt fan it gebiet dêr't hy út band is, is hy strafber en kin bygelyks in finzenisstraf of sels de deastraf krije.
In relatearre begryp is Persona non grata: sa'n persoan is út de 'graasje'. Oars as banning kin it wêze dat sa'n soarte persoan nog noait binnen de bangrinzen west hat. It bart wol dat sa'n ien nei in oantal jierren wer 'yn de graasje' komt, en wer welkom is yn itselde rjochtsgebiet.
Fynplakken fan banpeallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch hjoeddeiske gearfoeging fan gemeentens binne banpelalen faak ferdwûn of binne se binne de stêdsgrinzen komd te lizzen.
Alde banpeallen binne ûnder oare noch te finen om of yn Amsterdam (Sloten), Amstelveen/Ouderkerk aan de Amstel oan de westside fan de Amstel yn de barm, yn Amstelveen oan de Amsterdamsewei, Gouda (Hekendorp), Alkmaar (wei nei Bergen) en oan de N301 tusken Barneveld en Nijkerk. Yn it Noard-Hollânske doarp Schardam stiet noch in Hoornske banpeal út 1761. Hjirop stiet it wapen (in reade ienhoarn mei skyld mei dêrop in hoarn); de hoarn fan de ienhoarn wiist nei de stêd.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Banpeallen en grinspeallen fan Wikimedia Commons. |