Springe nei ynhâld

Stasjon Weener

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 jan 2024 om 17.38 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stasjon Weener
Bahnhof Weener
Stasjon Weener yn 2017
Stasjon Weener yn 2017
lokaasje
lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Lier (East-Fryslân)
plak Weener
adres Am Bahnhof 1
arsjitektuer
stasjonskoade HWEE
6576Wr
type Bf
iepening 26 novimber 1876
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 1
spoarline Grins - Lier
offisjele webside
bahnhof.de
kaart
Stasjon Weener (Nedersaksen)
Stasjon Weener
Lokaasje stasjon Weener

Stasjon Weener is in spoarweistasjon yn de East-Fryske stêd Weener.

It stasjon waard iepene op 26 novimber 1876. Troch ferskate seinsystemen en âlde, allinne yn eigen lân talitten materieel moast der by de grins oerstapt wurde. Troch de lege reizgersoantallen waard it ferfier op it Dútske trajekt yn de jierren 90 staakt.

De spoarline is tusken 2000 en 2002 renovearre. Foar stasjon Weener betsjutte dit dat der tusken âlde gebouwen en ferlitten emplaseminten ien perron en ien spoar renovearre binne. Fan it spoar ôf binne der gjin wiksels mear nei de njonken lizzende spoaren. Ek it noch besteande stasjonsgebou wurdt net mear brûkt.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stasjon is sûnt 2016 tydlik it einpunt fan de trein nei Lier, trochdat de Friezebrêge yn de jûn fan 3 desimber 2015 ramd waard troch kustfarder Emsmoon, wêrtroch't de brêge foar ûnbepaalde tiid sletten is foar al it ferkear. Stasjon Weener leit oan de westlike kant fan de brêge, mar it befeiligingssysteem op de spoarline liet earst keare yn Weener net ta. Dêrom rieden de treinen nei Lier net fierder as stasjon Bad Nijeskâns en wie der in busferbining tusken Nijeskâns en Lier. Sûnt oktober 2016 is de befeiliging oanpast. Der is no in stjitblok en Weener is út Nederlân wei mei de trein wer berikber. Wa't nei Lier trochreizigje wol, kin yn Weener oerstappe op de streekbus 620, as yn Grins de trein ferfangende bus nimme.

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 6 Stoptrein (Arriva) GrinsSúdbroekBad NijeskânsWeenerLier Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is.
Tsjinstregeling fan 12 desimber 2021 ôf

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: