Sidesturt
sidesturt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Bombycilla garrulus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedgebiet stânfûgel wintergast |
De sidesturt, pestfûgel of lakfûgel (wittenskiplike namme: Bombycilla garrulus) is in moskeftige fûgel út de famylje fan de sidesturten (Bombycillidae). Der komme twa of trije ûndersoarten fan de fûgel foar, dy't fierder mar in bytsje fan inoar ferskille. De fûgel briedt yn de bjirke- en nuddelbosken op it noardlike healrûn (Skandinaavje, Ruslân, Alaska en Kanada) en komt somtiden winterdeis yn wikseljende tallen ek yn Fryslân foar.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sidesturt wurdt likernôch 18 sintimeter grut. De fûgel hat yn de loft wol wat fan in protter mar ûnderskiedt him tichterby mei in opfallend túfke en is foar it grutste part brúnroze fan kleur mei grize, swarte, wite, reade en giele aksinten op de fleugels en sturt. Under de snavel hat de sidesturt in befke. It mantsje ferskilt net in soad fan it wyfke yn grutte en kleur. De sidesturt is in sosjale fûgel en komt meastentiids yn groepen foar. In sidesturt wurdt likernôch 13 jier en is maklik te naderjen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Nederlânsk waard de fûgel nei de pest ferneamd om't de soart der fan fertocht waard de sykte te fersprieden. De fûgel hat de Fryske namme te tankjen oan syn giele glânzjende punten fan de sturtfearren. [1]
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sidesturt briedt yn it hegen noarden en komt as briedfûgel net yn Fryslân en ek net yn de rest fan Nederlân foar. Winterdeis lûkt de fûgel op syk nei iten yn wikseljende oantallen somtiden nei súdliker gebieten. As de tekoarten yn it briedgebiet grut binne kinne de oantallen grut wêze. By sokke ynfaazjes binne de fûgels ek by ús yn parken yn gruttere of lytsere groepen te sjen.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sidesturt leit yn de moannen maaie-juny fjouwer oant seis blaugrize aaikes mei swarte punten. It nêst wurdt makke fan moas en tûkjes fan nulle- en bjirkebeammen yn de hegere dielen fan beammen oan boskrânen. Fakentiden briede sidesturten tegearre mei oare pearkes yn 'e omjouwing. De aaikes wurde yn twa wiken tiid troch it wyfke útbret en nei likernôch 16 dagen ferlitte de jonge fûgels it nêst. De sidesturt siket alle jierren in nije partner.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Simmerdeis bestiet it iten fan de sidesturt út ynsekten. Nei de winter ta skeakelet de fûgel oer op beien fan bygelyks de hagebeam en de koetsjekraal. Dêrnjonken ite se ek wol apels en fruit.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt twa of trije ûndersoarten ûnderskieden. Minder dúdlik ûnderskiedend is de B. g. central-asiae.
- B. g. garrulus (Linnaeus, 1758), nominaatfoarm: Sidesturten fan Noard-Europa fan Noard-Sweden oant de Oeral.
- B. g. pallidiceps (Reichenow, 1908): Sidesturten op it Amearikaanske kontinint
- B. g. central-asiae (Poliakov, 1915): Sidesturten eastlike fan de Oeral yn it noarden fan Aazje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pestfûgel
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan