Johannes Rypma
Johannes Rypma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 maaie 1992 | |
berteplak | Aldegea | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | pop, rock | |
sjongtaal | Ingelsk, Frysk, Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2012-no | |
offisjele webside | ||
www.johannesrypma.nl |
Johannes Rypma (Aldegea, 13 maaie 1992) is in Nederlânske sjonger en model.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johannes Rypma folge in oplieding as trekkermonteur en krige nasjonale bekendheid troch syn meidwaan yn 2012 oan it tredde seizoen fan it telefyzjeprogramma 'The voice of Holland'. Hy einige dêr as twadde.
Syn debútsingle Play Me ferskynde yn febrewaris 2013 tagelyk yn twa ferzjes: in Ingelsktalige en in Fryske, mei as titel In libben Yn 'e Rock n Roll skreaun troch Syb van der Ploeg. Yn de maitiid fan 2013 ferskynde hy op de foarside fan it blêd L'Homo mei in fotoreportaazje op Mauritsius. Syn nûmer In groet dat er mei Hille de Jong makke, helle yn 2014 in 5e plak yn de Fryske Top 100. It nûmer wie in earbetoan oan harren freon Sjoerd dy ’t yn 2013 ferstoarn wie.
Yn 2015 foarme Johannes mei Hille de Jong en Robin Lammers it rocktrio The Bounty Hunters. De band trede op yn de 'Nacht fan Fryslân' en it Feanhoopfestival. De debútsingle fan The Bounty Hunters De weg terug ferskynde yn maart 2017 en waard produsearre troch Nico Outhuijse, de drummer fan De Kast. Omdat de band net mei in lûdsbân optrede woe, seinen se in optreden ôf op de De Fryske Jûn fan 2018 dy’t yn AFAS Live yn Amsterdam hâlden waard.[1]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Play Me (2013)
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ik wol dy, mei Mirjam Timmer (2014)
- In groet, mei Hille de Jong (2013)
- My Heart Don't Wanna Let Go (2013)
- Play Me / In libben yn 'e Rock & Roll (2013) EAN: 8718521010591
- When the lady smiles (2012)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|