Springe nei ynhâld

Readkopspjocht

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 des 2023 om 18.25 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (korreksje boarne.)
Readkopspjocht
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai swarte beamkrûpspjochten
   (Melanerpes)
soarte
Melanerpes erythrocephalus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De readkopspjocht (Melanerpes erythrocephalus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae). De wittenskiplike namme fan 'e soate waard yn 1758 as Picus erythrocephalus troch Carl Linnaeus publisearre. Hy basearre de soarte op in beskriuwing dy't Mark Catesby dêrfan joech. De soarte waard troch William Swainson yn 1832 as typesoarte yn it skaai Melanerpes yndield.

Beskriuwing

Jonge readkopspjocht.

Folwoeksen fûgels hawwe trije kleuren: in swarte rêch en sturt, in wite búk en romp en in karmozynreade kop en nekke. De fleugels binne swart en hawwe wite sekundêre ûnderearmfearren. Mantsjes en wyfkes binne allyk yn 'e fearren. Jonge fûgels hawwe gjin reade mar in grize kop.

Readkopspjochten binne middelgrutte spjochten. Mantsjes en wyfkes binne fan 19 oant 25 sm lang en hawwe in spanwiidte fan 42.5 sm.

Iten

It iten fan 'e fûgel bestiet út ynsekten, beien, nuten en foar in grut part út beamsiedden, wêrûnder dy fan eskdoarns en ikebeammen. De readkopspjocht is ien fan 'e pear spjochtesoarten dy't foarrieden oanleit.

Nêst

De readkopspjocht wurket oan it nêst.

De fûgel hat in ienfâldich nêst, dat yn in beamholte boud. Der wurde likernôch 4 oant 7 wite aaien lein.

Fersprieding

De readkopspjocht komt eastlik fan 'e Rocky Mountains yn 'e Feriene Steaten foar. De noardlikste begrinzging fan syn ferspriedingsgebiet foarmet it suden fan Kanada. Yn in grut part fan syn ferspriedingsgebiet is de fûgel in stânfûgel. De fûgels fan it noardlike ferspriedingsgebiet binne trekfûgels.

De readkopspjocht is te finen yn iepen bosken of hôven. Winterdeis is de fûgel te sjen, dêr't in soad beamsied foar him te finen is.

Status

Doe't yn 2005 bliken die dat de fûgel yn 'e lêste 40 jier yn it hiele ferspriedingsgebiet alle jierren mear as 1,5% fan syn oantal ferlear en it oantal fûgels dus al mei 65,5% weromfoel, waard de fûgel troch de IUCN op de warskôgingslist set (NT (Near threatened) = 'hast bedrige'). In grut part fan it tebekrinnen waard taskreaun oan it ferlies fan leefgebiet en de konkurrinsje om nêsten mei de út Europa ôfkomstige protter.

Histoarysk wie de readkopsjocht in algemiene fûgel yn it suden fan Kanada en it easten en sintrale diel fan 'e Feriene Steaten. Troch de tebekgong fan de oantallen oer in lang tiidrek hat de spjocht in bedrige status krige yn Kanada en ferskillende steaten fan 'e FS. It grutste part fan syn ferspriedingsgebiet is troch minsken bot feroare. Njonken it ferlies fan habitat foarmje yn syn biotoop ek it ferlies fan dea hout dat nedich is foar nêstgelegenheid, itenstekoarten en konkurrinsje mei oare fûgels dy't holtes brûke foar harren nêst in bedriging foar de readkopspjocht.

Mei't it ferbettere behear fan it biotoop holp by de stabilisaasje fan 'e oantallen, is de fûgel yn 2018 werom set nei de kategory net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside en:Red-headed woodpecker (ferzje fan 26 desimber 2023)