Springe nei ynhâld

Grutte Tsjerke (Schoonhoven)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 des 2023 om 20.47 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ Posysjekaart, kt.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grutte Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Schoonhoven
adres Haven 84
koördinaten 51° 56' N 4° 51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herfoarme gemeente)
patroanhillige Bartoloméus
Arsjitektuer
boujier 13e-14e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33472 (tsjerke)
Webside
Side fan de herfoarme gemeente, Schoonhoven
Kaart
Grutte Tsjerke (Súd-Hollân)
Grutte Tsjerke

De Grutte Tsjerke, ek Bartoloméustsjerke, is in protestantske tsjerke yn de Súd-Hollânske stêd Schoonhoven. De tsjerke wurdt brûkt troch de herfoarme gemeente fan Schoonhoven.

Nei alle gedachten waard de tsjerke yn 'e 13e of 14e iuw boud. Yn alle gefallen waard yn 1354 in oan de apostel Bartoloméus wijde tsjerke neamd.[1] It wie eartiids in krústsjerke, dy't yn 1658 ta halletsjerke ferboud waard mei pylders yn de Doryske styl. In betinkingsstien ferhellet dat it noardlike dak yn 1657 fernijd waard en brekken yn 1658 ferholpen waarden.

De oarspronklik roomske tsjerke waard mei de ynfiering fan de reformaasje in protestantsk gebou. De katoliken lieten yn de 19e iuw in neogoatyske tsjerke bouwe oan De Wal, dy't ek oan Bartoloméus wijd waard.

De 50 meter hege toer fan 'e tsjerke is 15e-iuwsk. In útstel yn 1911 yn de gemeenterie om de toer ôf te brekken om't dy yn de rin fan de tiid jimmeroan skever stie, waard mei mar ien stim fersmiten.[2] Lang om let waard de toer mei de tsjerke yn de jierren 1927-1934 restaurearre. Om de toer op syn plak te hâlden binne by dy restauraasje sechtich betonnen peallen de grûn ynslein, mar de toer stiet noch altiten sa'n oardel meter út it lead. Sûnt dy restauraasje krige de tsjerke in tige breed dwersskip.

Oksaal

De preekstoel ferfong yn 1777 in âldere preekstoel út 1658. It doopstek is lykwols âlder en stamt fan 1625. It koer wurdt fan 'e tsjerke skieden troch in 16e-iuwsk oksaal yn renêssânse styl. Yn 1646 waard in bank foar it oksaal set. Eartiids stie op it oksaal in oargel, dat yn 'e jierren 1927-1934 fan it oksaal helle waard.[3]

De galerijen binne boud yn de tiid fan de restauraasje fan 1927–1934) en mei Bibelske foarstellings fersierd neffens in ûntwerp fan Theo Vos út Amsterdam. Ek de art deco kroanluchters fan 'e tsjerke datearje út de tiid fan 'e restauraasje.[4]

De tsjerke hat al sûnt de 15e iuw in piipoargel. Yn 1535 waard it oargel ferfongen troch in oargel dat mooglik boud wie troch Hendrik Niehoff.[5] By de 20e-iuwske restauraasje ferhûze it oargel nei it hjoeddeiske plak. It oargel waard yn 1975 ferfongen troch in oargel fan de bruorren Van Vulpen. De oargelkas fan it Niehoff-oargel ferhûze foar de bou fan in transeptoargel nei de Rotterdamske Laurenstsjerke.

Grefstien

Olivier fan Noort

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ûntdekkingsreizger Olivier fan Noort fûn syn lêste rêstplak yn de Grutte Tsjerke. De stien leit net mear op syn grêf, mar stiet yn 'e muorre. It hat it opskrift Hic ille est totum velis qui circuit orbem et a Magella quartus Oliverius (Dit is dyjinge dy't de hiele wrâld omsile, (en) as fjirde nei Magelhães Olivier).[6]

Yn 1775 waard in troch Fan Noort skonken kanon omraand ta in pear klokken, dy't ûnderdiel foarmje fan it karriljon fan 'e tsjerke. De grutste klok fan it karriljon draacht it ynskrift Myn schor geloey op reys, voor dapperen van Noort, klinkt na een lange rust, thans in een fray akkoort.[7]

Livinus van den Borre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 14 jannewaris 1610 ferstoar Livinus van den Borre, dûmny yn Schoonhoven. Hy hie achtenfjirtich jier dûmny west en neffens syn grêfstien hat er oan it begjin fan de reformaasje as hagepreker Godts woort suver en claer int openbaer gepredikt in bosschen, velden en hagen. De oanstelling fan in remonstrantske opfolger feroarsake fûlbannige protesten fan syn rjochtsinnige oanhingers, dêr't troch it stedsbestjoer mei hurde hân it near op lein waard.[8]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gerhard Jan Lugard Jr., Schoonhoven's filigrain. Historie van de zilverstad. Schoonhoven: van Nooten, 1968.
  2. De toer fan de Grutte- of Bartoloméustsjerke fan Schoonhoven
  3. [Catharina L. van Groningen De Krimpenerwaard (1996), side 202]
  4. Side tsjerklike gemeente
  5. De oargels fan 'e Bartoloméustsjerke fan Schoonhoven sûnt likernôch 1420
  6. Bloys van Treslong Prins, Mr. P.C, & Belonje, Mr. J. Genealogische en heraldische gedenkwaardigheden in en uit de kerken van Nederland (1998) Naarden, Stichting Historic Future (Oarspronklik útjûn yn boekfoarm mei de mienskiplike titel: Genealogische en heraldische gedenkwaardigheden in en uit de kerken der provincie .... - 1919-1961)
  7. Carillontoren.nl, oproppen 29 desimber 2021
  8. Van Deursen, side 264